Ferlies foar Harkemase Boys

26 nov 2011 - 16:54
  • Harkemase Boys ferliest

Topklasser Harkemase Boys spile sneon op De Bosk tsjin Genemuiden. It wie belangryk om trije punten te pakken yn ferbân mei de stân op de ranglist. Dat slagge net. De Harkiten ferlearen mei 2-1.

Yn de earste helte kaam Genemuiden op in foarsprong troch in blunder fan doelman Jacob de Vries. Oebele Schokker sette troch in penalty de 1-1 op it skoareboerd. Yn de twadde helte kaam Genemuiden op in 2-1 foarsprong en dy waard net mear út hannen jûn. De Boys hiene minstens in lykspul fertsjinne. De ploech hat no 11 punten út 15 wedstriden. Dat smyt in meager trettjinde plak op.

Trefwurden: 
Harkemase Boys
(advertinsje)