Spitse, Kalma en Casparij pleatse harren op it nipperke foar WK fuotbal

Oranje fiert de lette 1-0 © ANP
De Oranjefroulju hawwe harren tiisdeitejûn op it nipperke pleatst foar it WK fuotbal yn 2023. Yn de Galgenwaard yn Utrecht wienen se yn de lêste WK-kwalifikaasjewedstriid mei 1-0 te sterk foar Yslân.
By Oranje stienen de Friezinnen Sherida Spitse en Kerstin Casparij yn de basis. Fenna Kalma kaam yn de twadde helte yn it fjild. Pas yn de blessueretiid makke Stefanie van der Gragt op oanjaan fan Esmee Brugts it winnende doelpunt.
De fuotbalfroulju moasten winne om harren streekrjocht te pleatsen foar it WK yn Australië en Nij-Seelân. By in lykspul of in ferlies hie Nederlân feroardiele west ta play-offs.
De lotting foar it WK is op 22 oktober.