Dongútsûndering foar Nederlânske boeren hâldt yn 2026 op

In trekker yn de buert fan Makkum © ANP
De útsûnderingsposysje, wêrtroch't Nederlânske boeren mear dong útride meie as yn oare lannen, wurdt fan 2023 ôf yn trije jier ôfboud.
Minister Henk Staghouwer fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit hat dêr in konseptôfspraak oer makke yn Brussel. Dat befêstigje boarnen oan parseburo ANP, nei berjochtjouwing fan De Telegraaf.
It is al langer dúdlik dat de Europeeske Kommisje in ein wol oan de Nederlânske útsûnderingsposysje, de saneamde derogaasje. Nederlân foldocht net oan de betingsten dy't oan de regel steld wienen.
Dongútsûndering foar Nederlânske boeren hâldt yn 2026 op
De fraach wie noch wannear't en hoe't der in ein oan de regeling komme soe.

Finansjele fergoeding

Neffens it konseptakkoart meie de boeren dy't de útsûnderingsposysje brûke, mei yngong fan takom jier minder dong útride. Fan 2026 ôf binne de regels itselde as yn oare EU-lannen. Der komt ek in finansjele fergoeding foar boeren dy't oars wurkje moatte.
De derogaasjeregeling waard in pear kear ferlinge troch de EU, foar it lêst yn 2020, mar dat hâldt no op.
Foar Fryslân betsjutte de útsûndering dat boeren sa'n 250 kilo stikstof út eigen stront oer it lân bringe meie. Dat is 80 kilo mear as yn de regels stiet. As dêr in ein oan komt, falle de boeren werom op de 170 kilo.
Foar boeren dy't net genôch lân ha, betsjut dit dat se de stront ôffiere moatte, dat kostet in soad jild.
Lânbou-organisaasje LTO is teloarsteld oer it konsept. "We zijn niet verrast, maar wel diep teleurgesteld", seit Ria Derks fan de fakgroep melkfee fan LTO. "We zullen meer mest moeten gaan afzetten. Dat gaat in de tienduizenden euro's lopen."

No wer keunstdong?

Om't der minder dong fan kij útriden wurde mei, moatte boeren mear keuntdong keapje, stelt Derks. "De kringlooplandbouw wordt met dit besluit natuurlijk erg ondermijnd. Wat wij graag zouden willen, is dat we met onze eigen mest als vervanging voor kunstmest de kringloop weer rond kunnen krijgen."
"We hebben het nu over derogatie, maar we hebben het ook over stikstof en over klimaat. Als je die stapeling van dossiers bij elkaar optelt, dan maak in me ernstig zorgen over het toekomstperspectief van de melkveehouderij in Nederland", seit Derks.
It ministearje wol noch net foarútrinne op in brief dy't Staghouwer letter hjoed oan de Twadde Keamer stjoert oer it ûnderwerp. In wurdfierder fan de minister seit wol tsjin it ANP dat "de afgelopen maanden zeer intensieve gesprekken" fierd binne oer de Nederlânske útsûnderingsposysje.

Minister woe dúdlikheid foar boeren

"Inzet van de minister is geweest dat hij duidelijkheid wilde voor de boeren en dat zij niet in een keer voor grote aanpassingen in bedrijfsvoering komen te staan, als een mestoverschot en hoge kosten."
Oan de Nederlânske útsûnderingsposysje sieten strange easken. Sa moast de wetterkwaliteit better wurde, mar dy waard yn de rin fan de jierren allinnich mar minder. Njonken de wetterkwaliteit binne de dongregels ek bedoeld om de delslach fan stikstof te ferminderjen.