Fryske derby tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur op snein 13 novimber

De Fryske derby © Omrop Fryslân
De Fryske derby tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur hat plak op snein 13 novimber om healweis trijen yn it Abe Lenstra Stadion. Dat hat fuotbalbûn KNVB freed bekendmakke.
Der wiene yn de earste seizoenshelte noch trije spylronden fan de earedivyzje net ynpland. De KNVB woe earst ôfwachtsje hokker Nederlânske klups Europeesk fuotbal helje soene. Op basis dêrfan soene dy trije spylronden dan ynpland wurde. Dat is freed dien.
Cambuur hat it lêste wykein fan oktober frij, om't de wedstriid tsjin it Europeesk spyljende Feyenoord op tongersdei 10 novimber ynpland is. Hearrenfean hat dy midwike gjin wedstriid en dus mear rêst foar de Fryske derby as Cambuur.
De datum foar de twadde Fryske derby fan dit seizoen is noch net bekend.

In oersjoch fan de wedstriden dy't definityf ynpland binne

Sneon 29 oktober 16.30 sc Hearrenfean-FC Utrecht
Freed 4 novimber 20.00 SC Cambuur-NEC
Sneon 5 novimber 21.00 Excelsior-sc Hearrenfean
Tongersdei 10 novimber 20.00 Feyenoord-SC Cambuur
Snein 13 novimber 14.30 sc Hearrenfean-SC Cambuur
De KNVB hat fierder ek noch in oantal oanpassings yn it programma dien. Sa spilet sc Hearrenfean in dei letter, op snein 9 oktober, tsjin PSV yn stee fan op sneon. En SC Cambuur krijt FC Twente in dei letter, op snein 23 oktober, op besite yn stee fan op sneon.
Ek binne FC Emmen-sc Hearrenfean en FC Volendam-sc Hearrenfean ferpleatst fan sneintemiddei nei sneintejûn. En Go Ahead Eagles-sc Hearrenfean is op sneon 15 oktober net om 18.45 oere mar om 20.00 oere.