Deputearre Fokkinga: gjin wetlike mooglikheden om de wolf te ferjeien
De boere-organisaasje fynt dat der yn ús provinsje gjin plak foar de wolf is, benammen fanwege in gebrek oan fretten en de kâns dat de wolf dêrtroch bisten fan boeren oanfalt. LTO Noord fynt dêrom dat ferjeie mooglik wêze moat.
Fokkinga wiist derop dat ferjeie no net mei, mar dat der op it stuit wurke wurdt oan ynterprovinsjaal wolvebelied.
"By de foarming fan dat plan kin men input leverje om te sjen wat wol mooglik is om de rânen fan de wet- en regeljouwing op te sykjen", seit de deputearre.
De lêste ferzje fan dat Interprovinciaal Wolvenplan komt út 2019. De tolve Nederlânske provinsjes binne no dwaande mei in update fan dat plan. LTO is dêr sels ek by belutsen.