Fenna Kalma ferkeazen ta bêste spylster yn earedivyzje

Fenna Kalma mei har twa awards © ANP Foto
Fenna Kalma fan Haskerhoarne is by de Eredivisie Awards ferkeazen ta bêste spylster yn de earedivyzje foar froulju.
De spylster fan FC Twente krige de award út hannen fan har eigen mem. Neist Kalma wienen ek Victoria Pelova (Ajax), Renate Jansen (FC Twente) en Romée Leuchter (Ajax) nominearre foar de award.
Kalma krige op it gala ek de priis foar topskoarster fan it jier. De Friezinne makke yn it ôfrûne seizoen 33 doelpunten yn de earedivyzje.
Cambuurspiler Sekou Sylla wie yn de race foar de award Doelpunt fan it Jier foar syn goal op 11 maaie fan dit jier yn de thúswedstriid tsjin Willem II. Dy priis gie lykwols nei Cyril Ngonge fan FC Groningen, foar in hakbal tsjin AZ.
Chimera Ripa fan sc Hearrenfean gie ek mei lege hannen nei hûs. De 20-jierrige fuotbalster wie nominearre as grutste froulike talint, mar seach dy award nei de 17-jierrige Wieke Kaptein fan FC Twente gean.