Provinsje Fryslân hellet omkearde flaggen op provinsjegrûn fuort

In omkearde Nederlânske flagge oan in lantearnpeal © ANP
De provinsje Fryslan hellet fan moandei 12 septimber ôf omkearde flaggen en oare protestuteringen op grûn fan de provinsje fuort. Dêrmei komt in ein oan in 'gedoochperioade'.
De flaggen dy't no fuorthelle wurde, hingje bygelyks boppe iepenbiere diken. Provinsjale Wettersteat hat in list gearstald mei de plakken dêr't de flaggen op 'e kop hingje.
Fryslân hat in skoft wachte mei it fuortheljen fan de flaggen. "Wij vonden het belangrijk om toch even die ruimte te geven aan mensen", seit deputearre Avine Fokkens.
"Nu begint het politieke jaar weer, de kinderen gaan weer naar school. Je moet een keer een moment kiezen, dat moment is nu."
Fryslân hellet omkearde flaggen fuort op provinsjegrûn, deputearre leit út wêrom
Se leit út dat it allinnich giet om protestuteringen op iepenbiere plakken. "Op z'n eigen land of in de voortuin mag een boer doen wat-ie wil, het gaat puur om rotondes en bermen langs provinciale wegen bijvoorbeeld."

Oprop om it sels te dwaan

Se ropt minsken op om sels de flaggen fuort te heljen. "En anders gaan we het vanaf 12 september zelf doen."
Fokkens hat begryp foar de stânpunten fan foar- en tsjinstanners fan de flaggen. De deputearre hopet dat de flaggen net wer werompleatst wurde, mar dat is neffens har net út te sluten. "Maar dat is niet een reden om ze nu niet weg te halen."

Klachten oer omkearde flaggen

By de provinsje binne ek klachten kaam oer de omkearde flaggen. "Dat is de andere kant van de medaille: er zijn mensen die zich gekwetst voelen door de vlag op de kop. Daar hebben we ook begrip voor."