Waadhoeke hellet omkearde Nederlânske flaggen fuort

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De gemeente Waadhoeke hellet Nederlânske flaggen fuort dy't op iepenbiere plakken op de kop hingje, as symboal fan protest tsjin it stikstofbelied fan it kabinet.
De gemeente sei dat dy it oant no ta gewurde liet, om demonstranten har stânpunt dúdlik meitsje te litten.
Yntusken fynt de gemeente dat it tiid is om rjocht te dwaan oan de gefoelens en opfettings fan minsken yn Waadhoeke dy't oanjouwe dat se har kwetst fiele troch de omkearde flaggen, bygelyks omdat se feteraan binne of minsken dy't in neiste ferlern ha. Dêrom wurde de flaggen no fuorthelle, skriuwt de gemeente op har webside.