Oekraynske flechtlingen kinne langer yn opfangplakken Grou en Ljouwert bliuwe

Flechtlingen komme oan by Nieuw Mellens © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat de kontrakten mei de opfanglokaasjes foar Oekraynske flechtlingen yn Grou en Ljouwert ferlinge. Dat betsjut dat de flechtlingen dêr langer bliuwe kinne.
It betsjut foar Grou dat dêr yn herberch Oer 't Hout yn elts gefal oant april takom jier flechtlingen opfongen wurde kinne. Yn de Ljouwerter lokaasje Nieuw Mellens fan soarchorganisaasje Noorderbreedte kinne de flechtlingen oant maart te plak.
Oekraynske flechtlingen kinne langer yn opfangplakken Grou en Ljouwert bliuwe
Der wenje op dit stuit in soad Oekraïners op beide lokaasjes, seit de gemeente. En omdat it der net nei útsjocht dat de minsken op koarte termyn werom kinne, binne de kontrakten mei de opfanglokaasjes ferlinge.
Stichting Solidair Friesland is noch wol op syk nei minsken dy't helpe kinne mei frijwilligerswurk. De stichting helpt mei taal-, berne- en moetingsaktiviteiten foar de flechtlingen.