Sven Kramer wint goud op 5 km

Sven Kramer © ANP
Sven Kramer hat sneon by de wrâldbeker yn Astana goud helle op de fiif kilometer. Yn de rit bleau er syn tsjinstanner Jorrit Bergsma foar. De winnende tiid wie 6.13.83. Bergsma ried 6.15.40. Alexis Contin waard ferrassend tredde (6.17.43).
It is de earste oerwinning fan Kramer nei syn lange blessuere. Foar Jorrit Bergsma, ferline wike noch sterker as Kramer yn Tsjeljabinsk, wie de 6.15.40 wol in persoanlik rekôr
Jan Blokhuijsen waard fyfde, Bob de Jong sânde en Douwe de Vries yn in nij persoanlik rekôr (6.21.10) njoggende. Yn desimber 2009 wûn Sven Kramer foar it lêst in wrâldbeker ôfstân.