Cambuur ferliest troch reade kaart en keepersflater, mar grutskens oerhearsket

Cambuur baalt nei de 0-1 © Orange Pictures
Nei it soere ferlies tsjin AZ (0-1) oerhearske by Cambuur grutskens. Want de Ljouwerters fuotballen eins better as it sterke AZ. Nei in reade kaart foar middenfjilder Jamie Jacobs waard lykwols alles oars.
Cambuur krige yn it eigen stadion in pear goede kânsen op de iepeningstreffer. Spits Robert Uldrikis rekke de peal, Alex Bangura skeat tsjin AZ-keeper Hobie Verhulst oan en letter fergeat Uldrikis ien op ien mei Verhulst de trekker oer te heljen.

"Nul intentie om hem te blesseren"

It foar Cambuur desastreuze momint folge yn de 55ste minút. Skiedsrjochter Rob Dieperink waard troch de VAR nei de kant ta stjoerd, want de oertrêding fan Jamie Jacobs op AZ-oanfaller Jens Odgaard wie wol hiel stevich. Dieperink kaam nei it besjen fan de bylden werom op syn eardere beslút om Jacobs giel te jaan. Yn plak dêrfan luts er read.
"Hij (Odgaard, red.) speelde de bal wat te ver voor zich uit", seit Jacobs oer it ynsidint. "Ik dacht dat ik hem kon onderscheppen, maar hij tikte hem net nog weg en toen zat ik met mijn voet op zijn voet."
Jamie Jacobs oer syn reade kaart yn de wedstriid tsjin AZ
Jacobs jout ta dat it der útsjocht as in gemiene aksje. "Omdat die voet vastzit, ziet het er pijnlijk uit, maar ik had het gevoel dat geel afdoende was, want er zat bij mij nul intentie om hem te blesseren. Ik deed het niet expres."

"Dit is it libben fan in keeper"

Nei de reade kaart moast Cambuur fierder mei in man minder, mar dat gie noch net iens sa ferkeard. AZ sette wol wat mear druk nei foaren ta, mar de spilers fan Cambuur strûpten de mouwen op: se smieten harren foar elts skot fan de ploech út Alkmaar. Sa like it út te draaien op 0-0.
Dy hoop waard yn de 90ste minút lykwols de grûn yn boarre doe't keeper João Virgínia in skot fan Jordy Clasie fleane liet. In djoere flater, dy't Cambuur in punt koste. "Ik bied myn ekskuzes oan de fans en it team oan", sei Virgínia nei ôfrin fan de wedstriid.
João Virgínia wie skuldbewust nei syn flater tsjin AZ
"De bal feroare op it lêste momint fan rjochting. Ik tocht dat ik him hie, mar doe't ik seach, lei hy yn it net. Soks bart, dat is it libben fan in keeper."
Virgínia waard nei ôfrin goed opfongen troch syn teamgenoaten. Dy seinen dat de keeper syn holle omheech hâlde moast. Virgínia sels is fan doel om syn flater goed te meitsjen. "Der komme bettere dagen oan. Ik bliuw wurkjen en ik sil myn bêst dwaan foar de klup."

"We hienen AZ op 'e rêch lizzen"

Trainer Henk de Jong nimt it syn doelman net kwealik. "We beskermje him. Hy hat no in pear kear in blooperke makke, dêr moat hy fan ôf. It giet om punten pakke."
Henk de Jong oer de wedstriid fan Cambuur
De Jong hie it gefoel dat Cambuur de wedstriid ûnder kontrôle hie. "Mar dan moatst it ôfmeitsje. We hienen AZ op 'e rêch lizzen. Doe krigen we in reade kaart en makke João in slipperke. Dêrtroch ferliest mei 0-1. Dat wie totaal ûnnedich. Ik ha in geweldige wedstriid sjoen."
De trainer wie grutsk op syn team. Yn it bysûnder op de jonge ferdigener Floris Smand en Mees Hoedemakers, mar it smiet snein dus gjin resultaat op. Cambuur hat dit seizoen yn eigen hûs noch gjin punt pakt. "We hienen seis punten ha moatten. Dy moatte we no earne ynhelje, mar as we sa trochgean, pakke we punten genôch."

Debút Van der Water

Foar ien Cambuurspiler wie it wol in moaie dei, Silvester van der Water. Hy makke syn debút by de Ljouwerters, mar ek hy koe net foarkomme dat Cambuur sûnder punten fan it fjild stapte. "Ik ben blij met mijn eerste minuten. We hebben echt gevochten als een team, helaas is het 0-1 geworden, een beetje knullig."
Silvester van der Water makke syn debút foar de Ljouwerters
Van der Water baalde dat syn debút gjin oerwinning oplevere, want neffens him wienen der kânsen genôch. "Het zat niet mee. Als je echt scherp bent en je maakt die goals, dan ga je er met de overwinning vandoor. Nu moeten de koppen omhoog. Volgende week tegen Ajax. Dat wordt wel heel lastig, maar we gaan met het hele team vechten daar."