Enerzjycoaches helpe graach, mar kinne it probleem fan de hege rekkens net allinnich oplosse

De gasrekken is foar guon minsken net te beteljen © Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân ferdûbelet it oantal enerzjycoaches yn de striid tsjin de enerzjyearmoede fan seis nei tolve. De enerzjycoaches krije boppedat in bredere opdracht.
As sy fernimme dat minsken ek mei harren advizen de rekken net betelje kinne, kinne se boargers dy't dat wolle trochferwize nei oare helpferlienende ynstânsjes. Wethâlder fan sosjale saken Pieter van der Zwan wol yn it foarste plak graach yn byld krije hoe grut it probleem krekt is.
Neffens de gegevens fan de gemeente hawwe sa'n 3.000 ynwenners in 'smelle beurs', mar hy hâldt der rekken mei dat ek oare groepen te meitsjen krije mei jildpine troch de ynflaasje en de hege enerzjyprizen. "De inflatie is hoog, de CAO's blijven achter. Ik houd er rekening mee dat ook werkenden in de problemen kunnen komen. Ik wil dat graag weten, zodat we kunnen kijken wat we voor hen kunnen doen."
Enerzjycoaches kinne de hege rekken net oplosse
De gemeente wol de problemen oanpakke troch ekstra enerzjycoaches yn te setten. It giet foar it grutste part om frijwilligers, dy't operearje út de Drachtster biblioteek wei. Flip Haagsma (72) is ien fan de enerzjycoaches. Mei it moaie simmerwaar hat hy it noch net hiel drok, mar hy ferwachtet de kommende hjerst seker in soad flecht op de koai.
"Wij krijgen de laatste tijd vooral veel vragen van woningeigenaren die van het gas af willen." Fan it gas ôf is in moai stribjen, mar in soad minsken kinne ek in soad enerzjy besparje troch ferskate oare maatregels, lykas isolaasje, it better ynregeljen fan de cv of koarter dûse, stelt Haagsma.

Smelle beurs

De coaches wolle ek graach oan de slach foar minsken mei in smelle beurs, mar dy oppenearje harren lang net altyd. In platfoarm fan wenningkorporaasjes, gemeente en ferskate maatskiplike organisaasjes moat de problemen goed yn kaart bringe en der ek foar soargje dat minsken dy't yn 'e knipe driigje te kommen trochferwiisd wurde.
"Ik ben heel blij met de extra enerzjycoaches", seit wethâlder Maria le Roy. "Energie die je aan de voorkant kunt bezuinigen, hoef je ook niet te betalen. Het kan echt helpen, ook bij de verduurzaming."

'Enerzjycoaches binne gjin wûnderdokters'

Flip Haagsma is de lêste dy't dat ûntkenne sil. Hy en syn kollega's helpe graach, mar Haagsma wiist der ek op dat it yn in soad gefallen net mooglik wêze sil om in enerzjyrekken dy't twa of trije kear sa heech wurdt te kompensearjen troch enerzjy te besparjen.
"Het systeem staat met de hoge prijzen van nu zo op z'n kop dat je dat met tochtstrippen en radiatorfolie niet oplost. Door energiezuinig te leven, kun je tientjes besparen of misschien een paar honderd euro, maar in veel gevallen zal ook financiële aanvullende hulp nodig zijn."
Wethâlder Van der Zwan heakket deroan ta dat ek in gemeentlike oerheid dit probleem net allinnich oplosse kin. "Door de hoge gasbaten verdient onze Rijksoverheid miljarden extra. Ik vind dat het kabinet die extra baten moet gebruiken om mensen die door de hoge gasprijs in de problemen komen te helpen."