Soarchynstellingen lûke oan 'e bel fanwegen besunigingsplannen foar wykferpleging

Der binne plannen om 600 miljoen op de ADL-soarch te besunigjen © Shutterstock
Soarchbelang Fryslân is ien fan de soarchynstellingen dy't oan de bel lûkt fanwegen de besunigingsplannen fan minister Kuipers fan Folkssûnens.
Yn in útlekt konsept fan it Integraal Zorgakkoord (IZA) wurdt in besuniging fan 600 miljoen op de saneamde ADL-soarch meld.
Mei Algemeen Dagelijkse Levensverrichtingen (ADL) wurdt de help by hannelingen bedoeld dy't minsken yn it gewoane libben ferrjochtsje. Tink dêrby oan help by waskjen, oanklaaien, bewegen en it ûnderhâlden fan sosjale kontakten.

Bline flek

Lineke Verkooijen, foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan Zorgbelang Fryslân: "Het grootste probleem is dat er een blinde vlek is bij het beleid maken. Alles gaat telkens over behandeling van ziekten en beperkingen. Maar er is geen aandacht voor de zorg zelf."
"Bovendien is zorg een enorm containerbegrip geworden", giet Verkooijen fierder. "Want behandeling komt nu ook onder het kopje zorg. Dat zorgt voor verwarring. Behandelkunde en verzorgkunde wordt op een hoop gegooid."

Gjin ûnderskied

It regear is fan doel te besunigjen op 'e wykferpleging. Tachtich persint falt ûnder ADL, seit Verkooijen. "Maar waar dan precies op wordt bezuinigd, maken ze niet duidelijk. Er is geen onderscheid."
Verkooijen tinkt dat dit ûnderwerp net genôch spilet by de minsken dy't de knopen trochhakje moatte. "Die blinde vlek kan alleen maar leiden tot verkeerde keuzes", stelt de foarsitter. "Daarom blijven we er als verenigingen en organisaties op hameren dat we op dit gebied verder willen als samenleving."