Provinsjes Fryslân en Grinslân prate mei Arriva oer útfallen treinritten

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De provinsjes Fryslân en Grinslân sille mei treinferfierder Arriva prate oer útfallen treinritten fan de ôfrûne moannen.
Fanwegen in tydlik personielstekoart ride der al moannen minder Arriva-treinen. Sa rydt op sneons alle oeren mar ien sneltrein fan en nei Grins, dat binne gewoanwei twa. Fierders falle ynsidinteel ritten út, om't der op it lêste momint gjin personiel beskikber is. Fan boetes is gjin sprake.
It is net dúdlik hoefolle jild oft de ferfierder misrint troch net riden ritten. Ynset is om te soargjen dat Arriva foldwaande personiel hat om de tsjinstregeling konfoarm kontrakt út te fieren.
Ek yn de provinsje Limburch fersoarget Arriva it regionale trein- en busferfier en ek dêr kampt it bedriuw mei in tekoart oan personiel.

Tsjinstregeling

Fan takom wike ôf fiert Arriva in part fan de tsjinstregeling wer op, mar net dy tusken Ljouwert en Grins. Dat bliuwt foarearst ien sneltrein yn 'e oere.