'Simmer yn Fryslân': muzikaal talint yn Weidum

Sjonge yn Weidum
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy woansdei yn Weidum. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort harket hiel goed hoe it mei it muzikale talint yn Weidum giet.
Lykas ôfrûne jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en harkje de hiele dei wat der bart.
Tongersdei 25 augustus is Omrop Fryslân yn Nijlân. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.