Heliconstate yn Ljouwert noch net klear foar húsfestjen fan flechtlingen

© Leo Middelsé, Ilona de Vries
Heliconstate yn Ljouwert is noch net klear foar it húsfestjen fan flechtlingen út de needopfang dy't derneist leit. De ferhuzing soe takom wike begjinne, mar dy deadline wurdt net helle.
Neffens it COA die koartlyn bliken by de oplevering fan Heliconstate dat der noch in soad barre moat yn it pân. Sa is der sanitêr fuort, lykas dûsen, dy't foarhinne wol yn it gebou sieten.
Dêrtroch moat Heliconstate mear ferboud wurde as ferwachte, wêrtroch't de oplevering fan it pân fertraging oprint. Ek omdat de boufak der tuskentroch kaam. Neffens it COA wurdt der no manmachtich wurke om yn alle gefallen foar 1 oktober ferhúzje te kinnen.
Wethâlder Nathalie Kramers fan de gemeente Ljouwert liet earder witte dat se mei yngong fan 1 septimber de flechtlingen húsfestje woe yn Heliconstate. Dit fanwege de drege omstannichheden yn de needopfang.

'Ynkoarten mear'

De gemeente Ljouwert wol noch gjin taljochting jaan op de fertraging. In wurdfierder lit witte "er zeer binnenkort meer over vertellen."
Yn de needopfang yn it WTC wenje sûnt novimber ferline jier flechtlingen út ûnder mear Syrië, Jemen en Afganistan. Der is plak foar 600 minsken.
Ferskate organisaasjes hawwe harren soargen utere oer de omstannichheden fan de flechtlingen yn de hal, wêrûnder Vluchtelingenwerk. Mar ek Ljouwerter riedsleden meitsje har hurd foar in oar ûnderkommen.

Mear privacy

It is net de earste kear dat Heliconstate foar de opfang fan flechtlingen brûkt wurdt. Yn 2016 barde dat ek al. "Het zijn betere ruimtes met veel meer privacy dan in het WTC. Dat was het grootste euvel daar. Het blijft noodopvang, maar het COA zou met Heliconstate al een stuk tevredener zijn", sei wethâlder Kramers yn in petear yn juny.
De hieroerienkomst foar de needopfang yn it WTC hâldt mei yngong fan 1 novimber op. Boargemaster Sybrand Buma hat earder witte litten dit kontrakt net ferlingje te wollen en de needopfang permanint slute te wollen.
De opfang yn Heliconstate bliuwt fan krêft oant it nije asylsikerssintrum yn Ljouwert iepen kin. Wat it kolleezje oanbelanget komt dy op it plak fan in túnsintrum oan de Troelstrawei.