Friesenbrücke wurdt folle djoerder, mar DB set projekt wol troch

Artist impression fan de nije Friesenbrücke by Weener © Deutsche Bahn
De Friesenbrücke oer de rivier de Eems yn Dútslân wurdt folle djoerder. De kosten fan de spoarbrêge by Weener wurde no troch Deutsche Bahn rûsd op 200 miljoen euro. In pear jier lyn gie DB noch út fan 66 miljoen euro.
DB Netz, it Dútske ProRail, wol de nije brêge oer goed twa jier - ein 2024 - opleverje. It giet om de grutste draaibrêge fan Europa. De nije brêge is nedich, omdat de âlde brêge fernield rekke by in slimme oanfarring yn 2015.
Dútslân hat mei Nederlân ôfpraat dat de spoarferbining wer opknapt en ferbettere wurdt. In goed jier lyn is úteinset mei de sloop fan de Friesenbrücke.
Sa lei de Friesenbrücke derby nei de oanfarring yn 2015 © ANP
De Friesenbrücke is nedich foar it ynternasjonale treinferkear tusken Grins en Oldenburg en Bremen yn Dútslân. Dat ferkear wurdt al sûnt 2015 fersoarge troch bussen, dy't treinreizgers ôfleverje by it stasjon fan Leer.

Yn ien kear fan Harns nei Bremen

Direkteur Anne Hettinga fan ferfiersbedriuw Arriva, dat de tsjinstregeling op it trajekt fersoarget, hat grutte ferwachtingen fan de ferbining. Hy wol al langer ynvestearje yn it trajekt, sei er ferline jier, doe't it werstel begûn. "Sa wol ik myn dream realisearje: ynstappe yn Harns en yn deselde trein trochride nei Bremen."
Ek foar it eventueel trochlûken fan de noch oan te lizzen Lelyline nei Dútslân is it wichtich dat der wer in funksjonearjende spoarferbining komt tusken Noard-Nederlân en Noard-Dútslân.