Provinsjes Fryslân en Drinte "het meest kritisch" op stikstofoerlis mei Johan Remkes

Deputearre Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân
Bemiddeler Johan Remkes prate moandei yn Arnhem mei de lânboudeputearren fan alle tolve provinsjes oer de stikstofoanpak. By it petear fregen de provinsjebestjoerders it kabinet om gau mear dúdlikheid te jaan oer de stikstofoanpak en ek om dêr tenei mei ien mûle oer te sprekken.
De ôfrûne wike ûntstie diskusje oer it kabinetsdoel om de stikstofútstjit yn 2030 mei te helte werom te bringen troch de útspraak fan CDA-lieder Wopke Hoekstra dat dit jiertal 'niet heilig is'. De provinsjes Fryslân en Drinte lieten moandei witte dat se dêr ek sa oer tinke.
"Fryslân en Drenthe waren het meest kritisch", sei Remkes nei ôfrin. "Maar ik heb daar wel een vraag over. Als het kabinet 2030 in de wet opneemt, kan het toch niet zo zijn dat de vrije republiek zus of zo daar eigen opvattingen over heeft?"
Mar Fokkinga fynt 2035 realistysker: "Yn ús eigen útfieringsprogramma geane we út fan 2035, dat is letter ek nochris bekrêftige troch in moasje fan Provinsjale Steaten."

Mear tiid nedich

Fokkinga is ek fan betinken dat de provinsje Fryslân mear tiid nedich hat om in 'folsleine stikstofoanpak' te meitsjen as de deadline fan 1 july takommend jier, ek al omdat der begjin 2023 ek noch ferkiezings foar Provinsjale Steaten binne. "Ik soe my foarstelle kinne dat we earst in kontoerenplan ynleverje en dan noch in heal jier krije foar in definitiver plan."
Provinsjes Fryslân en Drinte 'het meest kritisch' op stikstofoerlis mei Johan Remkes
Ek premier Mark Rutte joech nei ôfrin fan it petear oan dat de falbile fan 1 july 'een groot punt' is foar de provinsjes. Njonken Rutte wiene ek minister Van der Wal fan stikstof en minister Staghouwer fan lânbou oanwêzich by it petear ûnder lieding fan Remkes.
De oare provinsjes wiene moandeitemoarn kritysk. Sy wolle mear dúdlikheid én mear jild fan it Ryk om gau oan de slach te kinnen mei de stikstofreduksje. Yn Fryslân binne der neffens Fokkinga wol tsientallen boeren dy't oanjûn hawwe dat se wol ophâlde wolle, omdat se gjin opfolging hawwe. Mar om dy bedriuwen útkeapje te kinnen hat de provinsje wol mear jildmiddels nedich en ek mear dúdlilkheid oer de betingsten.

Stikstofkaart

Fokkinga frege it kabinet moandei ek om de bekende stikstof-reduksjekaart fan minister Van der Wal definityf yn te lûken, mar krige net in soad hannen opinoar foar dat foarstel. Dochs soe it neffens Fokkinga wol better wêze: "Dy kaart hinderet ús yn de prosessen en de petearen dy't wy fiere. As de kaart dochs mar 'yndikatyf' is, wêrom soene je him dan net fan tafel helje?"
De Twadde Keamer praat tiisdei oer de stikstofoanpak nei oanlieding fan útspraken fan CDA-lieder Wopke Hoekstra oer de stikstofoanpak. De keamer komt dêrfoar op inisjatyf fan PVV-lieder Geert Wilders earder werom fan reses.