It libbensferhaal fan âld-skûtsjeskipper en reedrider Anne Tjerkstra

Anne Tjerkstra by it hûs dêr't er fan syn 11e oant syn 17e wenne © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Fiskje, reedride, swimme, hutten bouwe... âld-skûtsjeskipper Anne Tjerkstra is as bern altyd bûten te finen.
Yn syn earste jierren moat dat ek wol, want yn it roefke fan it skûtsje dêr't syn heit op fart, is net folle romte. Anne en syn broers en suske sitte dan fêst oan in tou, sadat se net yn it wetter falle kinne. It skûtsje fart troch Fryslân en Drinte en ferfiert turf, biten, sûkerbiten en terpmodder.
"Ik bin berne yn 1946 en ik haw altyd sein dat 1946 in goed boujier is. Mar lêsten kaam ik der achter dat Donald Trump ek yn 1946 berne is en no fyn ik it net mear in goed boujier", laket Anne Tjerkstra as him frege wurdt nei syn jongste jierren.
Simmergast: Anne Tjerkstra
Omdat heit en mem it dreech fine om de bern yn in kostgesin achter te litten as se op in leeftiid komme dat se nei skoalle moatte, kiest heit Tjerkstra foar wurk oan de wâl. Yn 1953 wurdt hy slûswachter op de slûs fan Terherne en it gesin Tjerkstra komt yn it hûs te wenjen dat dêr by heart.
Heit en syn broer - de omke fan Anne - wurde ek skipper op it Steatejacht fan kommissaris Linthorst Homan. Simmerdeis fart er op it Steatejacht en winterdeis betsjinnet er de slûs, dêr't dan noch tol foar betelle wurde moat.
Anne Tjerkstra mei syn mem en broerke Andries (yn de bernewein) © eigen foto Anne Tjerkstra
Linthorst Homan is in goede reedrider en as yn 1954 de Alvestêdetocht útskreaun wurdt, wol er meidwaan. Heit Tjerkstra en syn broer wurde syn begelieders. Anne is dan acht jier en hat sels krekt it riden leard yn de slûs, op houtsjes achter in stoel. Heit en omke gean in dei foar de tocht nei Ljouwert, sliepe dêr yn it hûs fan de kommissaris dy't ek it ynskriuwjild foar harren betellet en se ride de tocht. Yn 1956, de húshâlding wennet dan yn Ritsumasyl, dogge se it opnij sa.
"Wy wennen doe yn Ritsumasyl dêr't ús heit brêgewachter wurden wie. Heit en omke rieden mei de kommissaris de Alvestêdetocht en ik ried mei myn maten op redens fan Ritsumasyl nei Berltsum. Dêr seach ik al dy riders mei de hannen op 'e rêch riden. Geweldich! Doe't wy werom rieden nei Ritsumasyl, hie ik de hantsjes ek op 'e rêch. Ik tink dat dêr de kym lein is foar myn reedrydkarriêre."
Anne Tjerkstra hat goede oantinkens oan syn jonge jierren. "Wy ha noait te min hân. Flak nei de oarloch fearen wy troch it Fryske boerelân en kochten molke en tsiis by de boer, spek by in bargeboer en sels soargen wy foar iel."

Pipo de Clown op telefyzje

Yn Ritsumasyl rint Anne yn it earstoan nei skoalle ta. By it kanaal del rint er nei Deinum en middeis itselde paad wer werom. Letter krijt er in fyts: "Heit kocht by in fytsmakker in fyts en dy wie dan 'moffele'. De fytsmakker skjirre it frame en spuite dat oer. Dat neame se moffeljen."
Yn Ritsumasyl fertsjinnet Anne 35 sint de wike mei it opheljen fan jirpelskilen. Fan dy 35 sint keapet er drop en salmiak by de winkelman yn it doarp. "En dy krige yn 1956 in telefyzje. Dêr mochten wy woansdeitemiddeis Pipo de Clown sjen. Sieten wy mei alle jeugd om dy telefyzje hinne. Op in gegeven momint seach ik om en dêr lei myn pake mei syn arkje. Hy siet foar it rút en seach ek nei de telefyzje. It wie de earste kear dat hy in telefyzje seach."
It ferhaal fan Anne Tjerkstra
Der komme allegear oantinkens boppe as Anne troch Ritsumasyl rint. "By dy beammen, dêr oan de bakboardkant, haw ik in kear mei myn maten in hut boud. Dat wit ik noch as de dei fan juster." En: "Dêr wenne de bakker, dy stookte syn oven mei tûken. En dan siet ik mei myn maten boppe-op dy tûkebulte te smoken. Dy bakker wie hartstikkene lilk fansels, want dy wie bang dat de hiele saak yn 'e fik fleane soe. Ik wie doe in jier as tsien."
Anne Tjerkstra wenne as jongfeint by De Jouwer © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Yn 1957 ferhuzet it gesin alwer, nei de Jouster slûs dy't in pear kilometer fan De Jouwer leit. Heit wurdt bakenmaster en soarget derfoar dat de betonning yn Fryslân op oarder is. Anne moat dan op 'e nij nei in oare skoalle en nije maten fine.
"Dat we sa bûtenút kamen te wenjen fûn ik earst neat oan. Do komst dêr yn 'e klasse en alle bern sitte dy oan te sjen as wiest in weareldwûnder. Mar nei in wike of sa dan wie 't wol klear. Ik focht my der soms wol tusken hear. As der guon wiene dy't my narren dan kamen de klompen út en sloech ik se mei in klomp op de harsens. Dan hie ik it leafst dat ik nije klompen hie, want dy kamen hurder oan as ferslitene klompen."

Radio oan yn tsjerke

Heit en mem binne maklike âlders. "Wy mochten in soad. Mar sneins moasten wy wol ien kear deis nei tsjerke en dat fûnen wy net leuk, want dan moasten wy goed in oere stil sitte. Myn broer hat in rite hân dat er in radiootsje meinaam en dan harken wy ûnder de preek nei de radio. Op in gegeven momint sette er him hiel lûd en doe krige er de dûmny stil. Dêrnei moast er de radio ynleverje as wy sneintemoarns nei tsjerke gongen."
Anne fertelt it ferhaal mei in ûndogenske skittering yn 'e eagen. Sa wit er noch in ferhaal oer de tsjerkegong: "Yn Deinum stie in grutte kachel midden yn 'e tsjerke. Wy skeaten dan mei ilastykjes dy't wy meinommen hiene op dy kachel. Dat rikke en stonk om it leven!"
Anne is alve jier as er by de Jouster slûs komt te wenjen. Hy giet op 'e Jouwer nei de legere skoalle, mar is net in learder. De goeie sifers hellet er op tekenjen en gymnastyk. As er thús is, is er altyd bûten te finen. "Nachts poere en strope en yn 'e maitiid aaisykje. Wy wiene echte bûtenbern."
Anne Tjerkstra mei de marine yn Londen © Eigen foto Anne Tjerkstra
Simmerdeis komt it skûtsje fan Earnewâld, mei Berend Mink oan it helmhout foar it hûs en wurdt der fan alles yn it rom laden. "En dan giene wy nei Grou om 14 dagen te silen. Us heit wie fokkenist op Earnewâld en ik haw dêr as jonkje ek op syld." Oan dy wiken hat Tjerkstra moaie oantinkens. "It wie ien grutte famylje. De earste ferkearingen binne dêr ûntstien. Do snapst it wol: wat tútsjeboartsje mei de famkes yn de float. As wy dan wer thús wiene, wie ik suver ûnwennich fan alle minsken."

Marine

Nei de legere skoalle folget de ambachtsskoalle dêr't er foar automonteur en masinebankwurker leart. Hy is santjin jier as er by de marine giet. Yn Amsterdam krijt er earst in oplieding ta masinist en dêrnei fart er de wrâld oer. Tjerkstra komt op in ûnderseeboatjager te farren, nei't er om syn earen ôfkard wurdt foar it farren op in dûkboat. Hy moat ûnderseeërs mei djiptebommen ûnskealik meitsje.
"Wy wiene op de Middellânske See mei allegear skippen fan de NAVO-lannen foar in oefening. Moarns betiid ha wy in ûnderseeër mei sonar te pakken. In matroas krige de opdracht om trije hângranaten te goaien en dan moast dy ûnderseeër boppe komme. En wat tinkst? Op fjirtich meter komt in dûkboat boppe.... in Rus! Dy lei dêr te spionearjen. En oan de hoarizon allegear fiskersboaten fol mei antennes. Ek allegear Russen dy't ús bespionearren. As de NAVO der doe net west hie, hiene wy no Russysk praat."
Anne Tjerkstra as skipper op it Jouster skûtsje © Eigen foto Anne Tjerkstra
Nei de tiid by de marine hat Tjerkstra ferskate banen: ûnderhâldsmonteur op it suvelfabryk, monteur by Lankhorst toufabriken en dêrnei wurdt er krekt as syn heit skipper op it Steatejacht. Earst tegearre mei syn omke Andries en dan mei Pieter Brouwer.

Skipper op it Steatejacht

"Dêr ha ik in moai ferhaal oer. Wy wiene in kear te farren mei kommissaris Wiegel. Pieter en ik tegearre mei en Pieter van Vollenhoven en Margriet wiene ús gasten. Pieter Brouwer stie oan it helmhout en ik siet oan de fok. It wie moai waar en wy sylden fan de Pikmar de Tynje yn. Dat is fansels mar smel dêr en ik seach dat wy draaie moasten. Dus ik rôp oer myn skouder: Draaie Pieter! "Komt in orde" sei ien.
Dat is Wiegel. Dy hie altyd humor en makke gjin ûnderskied tusken minister of strjitmakker.
Anne Tjerkstra oer syn favorite kommissaris
"Stie Pieter van Vollenhoven oan it helmhout! Pieter Brouwer lei achteryn dûbeld fan it laitsjen. Efkes letter moasten wy wer draaie mar ik tocht "Ik sis niks". Draait Wiegel him om en ropt "Draaie Pieter"!"
Tjerkstra hat úteinlik 33 jier skipper fan it Steatejacht west en as him frege wurdt wa't no de noflikste kommissaris is dêr't hy mei wurke hat, hoecht er net sa lang nei te tinken. "Dat is Wiegel. Dy hie altyd humor en makke gjin ûnderskied tusken minister of strjitmakker."
Anne Tjerkstra yn training foar de Alvestêdetocht op Thialf © Eigen foto Anne Tjerkstra
Anne Tjerkstra trout mei Klaasje. Se krije in famke: Christina. Klaasje wurdt siik en letter docht bliken dat Christina deselde sykte hat. "Soks oerkomt dy. Elkenien dy't soks meimakket, wit dat it libben trochgiet. Ik ha it net fuortstoppe, mar ik ha it wol ferwurke."
It ferstjerren fan Christina hat Tjerkstra nei eigen sizzen ferwurke trochdat er begjint mei it bouwen fan in lyts skûtsje as deadskiste. Hy wol dermei yn it krematoarium skood wurde. "Ik tocht, dat is mei fjirtjin dagen wol klear. It komt net sa krekt no, want dat ding wurdt dochs ferbaarnd."
Mar it bouwen oan it skûtsje hat him yn de besnijing. Oant jûns let is er dermei oan de gong. "Achterôf tink ik dat it myn manier fan omgean mei de dea fan Christina west hat." It skûtsje is sa moai wurden dat er it plan om dêr yn ferbaarnd te wurden farre litten hat. "Nee, dat kin net. Dêr is it te moai foar. Dat sizze de bern ek. Sy wolle my wol ferbrâne, mar dat skûtsje net."

Bemanningslid op Grou

Underwilens is Anne Tjerkstra al mear as tritich jier gelokkich mei Geeske. "Geeske komt ek út in skûtsjefamylje. It is de sus fan Rienk Zwaga, dêr't ik jierren lang mei syld ha op de Súdwesthoeke. Wy begripe mekoar." De dochter fan Geeske, Aleida, is de frou fan Douwe Visser, de skipper fan it Grouster skûtsje. Sa komt it dat Anne al wer jierren lang bemanningslid is op it skûtsje fan Grou.
Anne Tjerkstra is net allinne bekend as skûtsjeskipper. Hy is ek altyd ien fan de earsten dy't op redens stiet as der iis yn 'e fearten leit en hy hat mei reedrydmaten ek al in pear kear in 'wylde' Alvestêdetocht riden. Fierder hat er al in pear kear it nijs helle as skilder. Op in âld seil fan it Steatejacht skilderet er de hollen fan skûtsjeskippers. Hielendal boppeoan stiet Ulbe Zwaga. "De bêste skûtsjeskipper ea. Dy moat boppeoan."
Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
De libbensferhalen wurde sneins om 12.00 oere op de radio ferteld. It folsleine petear is ek as podcast werom te harkjen: hjir of yn dyn podcastapp.