Van Hooijdonk en Sarr hawwe de haadrol by sc Hearrenfean: "We gunnen het elkaar enorm"

Sydney van Hooijdonk en Amin Sarr © Orange Pictures
By Sportklup Hearrenfean wienen der sneon twa grutte útblinkers. Sydney van Hooijdonk skoarde trije kear tsjin Vitesse en Amin Sarr makke ien doelpunt en joech twa assists. De twa oanfallers witte elkoar goed te finen, likegoed binnen as bûten it fjild.
"We hebben een goede vriendschap, dat is de basis", seit Van Hooijdonk. "We hebben een goede klik en gunnen het elkaar enorm."

Bal mei nei hûs

Van Hooijdonk mocht nei syn hattrick yn Arnhem de wedstriidbal mei nei hûs ta nimme. Hy is bliid mei syn doelpunt, mar ek mei de prestaasjes fan it team. "Ik denk dat het een perfecte middag was voor ons allemaal."
Sydney van Hooijdonk oer de wedstriid
Van Hooijdonk fûn syn lêste doelpunt moai, mar ek oer de earste wie hy tefreden. "Ik wil hem daar bewust naar de grond schieten, omdat de stuit er dan in komt. Omdat ik daar wist wat ik deed, vond ik dat wel de mooiste."

Amin Sarr: "In goede teamprestaasje"

Van Hooijdonk syn oanfalspartner Amin Sarr wie goed foar trije assists. De Sweed fûn dat njonken de oanfallers ek de ferdigeners in goede prestaasje delset hawwe. "It wie in goede teamprestaasje; we hawwe goed ferdigene en goed oanfallen."
Amin Sarr: "We hawwe in spesjale konneksje"
Sarr en Van Hooijdonk wisten elkoar dus goed te finen. Sarr sprekt fan in 'spesjale konneksje'. "Doe't ik nij yn it team wie, wie hy dat ek. Fan dat momint ôf binne wy goede freonen wurden. Ik joech al myn trije assists op him en ik skoarde ek noch: it wie in goede wedstriid fan ús beiden."

"We kunnen nog veel beter"

Trainer Kees van Wonderen wie bliid mei de oerwinning, mar hy fynt dat Hearrenfean noch wol better kin. "Dat hebben we in de voorbereiding ook gezien. Soms is ons positiespel hartstikke goed, maar dat zien we nog te weinig. Ik hoop dat ons spel beter gaat worden door het zelfvertrouwen dat we nu krijgen."
Kees van Wonderen: "Het was wel wat geflatteerd"
Van Wonderen wie wat ferrifele dat it sa maklik gie tsjin Vitesse. "Normaal gesproken is het een uitdaging, zeker na Feyenoord. Als je naar het programma kijkt, zie je een lastige start, dus we zijn blij met de overwinning."
De trainer seach dat Hearrenfean hiel effektyf wie. "Het was vandaag wat geflatteerd, maar het is ook wel inherent aan de wedstrijd die het was, aan de speelwijze van Vitesse. Zij stonden veelal in de één tegen één, dat leidt ertoe dat het levensgevaarlijk is als hij even niet goed valt."