Mats Köhlert is de nije 'Außenverteidiger' yn de 5-3-2 formaasje fan sc Hearrenfean

Mats Köhlert © Orange Pictures
Hy wist de konkurrinsjestriid oan de linkerkant te winnen fan de Sweed Rami Kaib: Mats Köhlert is foarearst de linkerfleugelferdigener fan sc Hearrenfean.
De multyfunksjonele spiler is ien fan de beide 'wingbacks' en is tige wichtich yn it systeem dat trainer Kees van Wonderen foar eagen hat.
Köhlert fuotballet no sûnt 2019 yn ús lân. Dêrfoar spile hy yn Hamburg foar HSV. Yntusken is de handige linksbûten al aardich oan it wennen as spiler fan sc Hearrenfean.
Mats Köhlert sjocht foarút op Vitesse-Hearrenfean
"Ik bin gelokkich hjir. Ik wenje fan septimber ôf yn Snits. In moai plak. Ik sil dêr wenje yn in rychjeshûs. Ik socht in rêstige stêd en ha dat fûn yn Snits. No kin ek myn famylje delkomme."
Ek al is Köhlert noch mar krekt spiler fan Hearrenfean en hat er in kontrakt foar trije jier, dochst hat er dúdlike ambysjes. "Moatst net te fier yn de takomst sjen, ik wol my no fokusje op sc Hearrenfean. Hjir wedstriden winne en it team better meitsje. Mar fansels is it in dream om út te kommen foar 'Die Mannschaft'. Hielendal as je yn in soad jeugdteams fan Dútslân spile ha."
Yn it 5-3-2 systeem komt it in soad oan op it hinne en wer rinnen fan de bûtenste ferdigeners oan de linker- en rjochterkant, de saneamde 'wingbacks'. Dat leit Köhlert wol. "It befalt my goed. It is foar my ek foar it earst dat ik yn dit systeem fuotbalje, mar ik wen der hieltyd better oan. Der kinne wol in soad saken better, oanfallend mar ek definsyf wol."
Mats Köhlert (24) waard dizze simmer transferfrij oernaam fan Willem II. Hy hat op It Hearrenfean in kontrakt foar trije jier. Köhlert spile yn de jeugd foar de nasjonale teams fan Dútslân. Hy kin op ferskate posysjes oan de linkerkant út de fuotten. By syn foarige klup Willem II makke hy yn 91 wedstriden 6 doelpunten.
Tsjinstanner sneon is Vitesse. Dy ploech hat ek in link mei Dútslân. Trainer Thomas Letzch is dêr trainer. It team út Arnhem spilet itselde systeem as Hearrenfean.
"Mei Willem II ha ik fansels ek tsjin Vitesse spile. It wie alle kearen wer in goed team. Se ha wat ûngelokkich west oant no ta." Wichtich is neffens Köhlert dat syn team in doelpunt makket. "Dat besykje wy fansels eltse wedstriid. De fokus hat fansels lein op de nul hâlde en no moatte wy sjen dat wy ek ris skoare. Wy ha talintfolle oanfallers en krije de kânsen wol."
De wedstriid Vitesse-sc Hearrenfean begjint sneon om 16.30 oere en is streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân Radio. De kommentator is Timo Jepkema.