Keapkrêft flink omleech: dizze groepen sille yn Fryslân kwetsber wêze

Lege beurs © Shutterstock.com
Húshâldens hawwe dit jier in stik minder te besteegjen. De keapkrêft sil lanlik mei 6,8 prosint ôfnimme, seit it Centraal Planbureau. Ek yn Fryslân is de situaasje slim, sjocht it Fries Sociaal Planbureau.
De haadekonoom fan it CPB sprekt oer de grutste nei-oarlochske krimp fan de keapkrêft oant no ta. It buro foarseit in stiging fan de earmoed. It Fries Sociaal Planbureau hâldt de situaasje yn Fryslân yn de gaten. "Dy is earnstich", seit ûndersiker Dirk Postma. "Sa'n 33.000 ynwenners fan Fryslân libje ûnder de earmoedgrins. Dat is rom 1 op de 20."
De keapkrêft nimt bot ôf
De groepen yn Fryslân dy't it meast lêst krije fan de fermindere keapkrêft binne neffens Postma de minsken dy't fan in útkearing libje, de saneamde 'wurkjende earmen' en minsken mei in lyts ynkommen mei in keapwenning.
De 'wurkjende earmen' binne minsken sûnder fêst tsjinstferbân dy't as zzp'er wurkje of in tydlik of fleksibel kontrakt hawwe en mar in lyts ynkommen te besteegjen ha. "Dy groepen sille yn Fryslân hiel kwetsber wêze", seit Postma.
Ek jongfolwoeksenen sûnder fêst tsjinstferbân en âlderen mei in lyts pensjoen binne kwetsber. Postma tinkt dat dy groepen net altyd goed by de gemeenten bekend binne, om't se gjin rjocht op in útkearing hawwe.
Dirk Postma fan it Fries Sociaal Planbureau © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
It Centraal Planbureau wiist de groeiende enerzjylêsten oan as wichtige oarsaak fan de sakjende keapkrêft. It FSP die earder ûndersyk nei enerzjy-earmoed yn de provinsje.
Postma sjocht dat de situaasje foar elkenien oars is. "Guon minsken hawwe in fêst enerzjykontrakt, oaren net. Sy moatte foar trije, fjouwer kear safolle harren enerzjy ôfnimme. Dat fernimme se wol yn harren beurs."
De ferwachting is dat de klap foar de húshâldens foaral takom jier komme sil. It kabinet besprekt no hoe't se de keapkrêft in ympuls jaan kinne. Tsjin de NOS seit minister fan Finânsjes Sigrid Kaag: "Het wordt hartstikke lastig om nog dit jaar iets aan de koopkracht te doen."

Soarchlike situaasje yn Ljouwert

It tal minsken yn Ljouwert dat yn finansjele problemen komt troch de skerpe delgong yn keapkrêft kin wolris ferdûbelje. Dat seit wethâlder Hein Kuiken. Ljouwert stiet al jierren yn de top tsien fan earmste gemeenten yn ús lân. Yn de haadstêd sitte no 10.000 húshâldens op of krekt boppe besteansminimum.
"Het is extreem zorgelijk,", seit wethâlder Kuiken. "Voor deze gierende inflatie kwamen al hele volksstammen niet goed uit en stond de bestaanszekerheid al onder druk. Die kunnen deze dreun er niet bij hebben."
De gemeente hie al te min middels om minsken te helpen, mar dy binne no net mear foldwaande. Neffens him docht it kabinet fierstente min om de gefolgen fan de ynflaasje te beheinen. "Ik zou het kabinet willen oproepen om niet langer te weifelen en weet dat er zich een stille ramp voltrekt. Een steeds groter wordende groep kan niet meer rondkomen." It kabinet moat dêr neffens him op ynspylje oan de ynkommenskant of oan de belestingkant.
De gemeente docht allerhanne soarten fan help, lykas 'ontbijttassen' en 'voedselpakketten'. "En er zijn inkomensregelingen, maar die zijn niet meer voldoende."