Earste asylsikers freedtemiddei nei krisisneedopfang Drachten

It Frysk Kongressintrum yn Drachten © ANP Foto
De earste flechtlingen út Ter Apel komme freedtemiddei oan yn it nije tydlike opfangsintrum yn Drachten.
Yn it Frysk Kongressintrum sille de earste fyftich flechtlingen ûnderbrocht wurde. Nije wike moandei, tiisdei en woansdei komme der wer hieltyd fyftich. Yn totaal is der plak foar goed twahûndert asylsikers.
De opfang yn Drachten is foarearst foar seis wiken, mei in mooglike ferlinging mei nochris seis wiken.
Der komme sportcoaches om sport en spul oan te bieden foar de bewenners, benammen foar de bern. Der wurdt ek noch praat mei ferieningen yn de omjouwing om oare aktiviteiten oan te bieden foar de asylsikers.
It giet neffens de Veiligheidsregio net om minsken dy't de ôfrûne tiid bûtendoar sliepe moasten yn Ter Apel, mar om minsken dy't al troch de earste proseduere hinne binne.