Fries yn Lviv hat noed oer eksport: "Der leit hjir noch in hiel soad graan"

Willem Nammensma by in kleaster, flakby de grins mei Roemenië © Eigen foto
Willem Nammensma doart noch net te sizzen wat it akkoart fan Ruslân en Oekraïne oer de nôteksport yn de praktyk betsjut. De Fryske jirpelboer wennet en wurket yn Lviv. "Der leit hjir noch in hiel soad graan fan ferline jier. Dat moat earst fuort."
Der leit sa'n 20 miljoen ton nôt yn Oekraïne te wachtsjen om eksportearre te wurden nei de rest fan de wrâld. Oekraïne en it Westen beskuldigje Ruslân derfan dat it de eksport tsjinhâldt mei blokkades yn de Swarte See. Ruslân seit krekt dat Oekraynske seeminen de oarsaak binne dat frachtskippen net útfarre kinne.
"It is moai dat der no in oplossing is", seit de Seisbierrumer. "It duorret allinnich noch wol in skoft foardat se der yn Oekraïne fan profitearje."
Nôt yn Oekraïne © Willem Nammensma
"We sitte no yn de tredde of fjirde wike fan de risping", seit Nammensma. "It graan giet nei de silo's ta, mar dy reitsje goed fol. Hjir leit noch in hiele berch. Troch in waarsomslach is it rispjen fertrage, dus der stiet noch in soad weet op it lân. Dat is fral lestich foar lytse boeren, want dy kinne har guod net kwyt by de opslach."
No't it waar wieter wurdt, begjint it weet wer te spruten. "Dan kinst it net langer stean litte, dan is it net mear geskikt om bôle fan te bakken. De kwaliteit op it lân wurdt hurd minder. En der is gjin sicht dat de eksport no folle mear wurdt en dat der dus romte komt yn de opslaggen."
We sitte noch lang net op it folume dat nedich is.
Willem Nammensma
Gewoanwei giet moanliks 5 miljoen ton fuort fia de havens. "Goed twa wiken nei it ferdrach sitte we krekt wat ûnder de 400.000 ton, dat is dus noch mar in fraksje. En we sitte noch lang net op it folume dat nedich is."
Benammen foar lokale boeren is dat swier, want dy binne ôfhinklik fan grutte bedriuwen. "Se krije fier ûnder de merkpriis en kostpriis betelle, dus se ferstjinje der neat oan. Der komt wol wat stipe fan de steat, Europa en Amearika, mar it is de fraach oft dat genôch is."

Loftalarm

Yn syn wenplak Lviv, yn it westen fan Oekraïne, is it de lêste tiid rêstich. "De lêste pear dagen gie wol in pear kear it loftalarm ôf, mar der ha gjin oanslaggen west yn ús provinsje. De gefjochten sitte mear yn it suden en easten."
De Oekraynske presidint Zelensky komt moarn yn Lviv. Hy sil prate mei de Turkske presidint Erdogan en Guterres fan de Verenigde Naties. "Minsken binne dêr matich posityf oer. Mooglik is it in stapke rjochting in staakt-het-vuren, mar dat is noch fier fuort."