Merk Fryslân wol mear ynsette op kultuer- en natuertoerist

Beammen op it Saailân © Leo Middelsé, Ilona de Vries
Merk Fryslân wol mear ynsette op de kultuer- en natuertoerist. De kulturele manifestaasje Arcadia slút hjir perfekt by oan, sa fynt de marketingorganisaasje fan ús provinsje.
"We wolle gjin hegere piken fan toeristen yn de simmer, mar we wolle it mear spriede oer it hiele jier", fertelt direkteur Martin Cnossen fan Merk Fryslân. "Yn de simmer is it hjir al drok en moai, mar bûten it heechseizoen wolle we mear besikers lûke."
Mear kultuer- en natuertoeristen binnenhelje
De organisaasje wol ien fan de duorsumste bestimmingen fan Europa wurde. "Hjirby wolle we in doelgroep oansprekke dy't giet foar kultuer en natuer en hope dat der yn de oanrin nei it heechseizoen mear besikers nei Fryslân ta komme." Neffens Cnossen slút in evenemint as Arcadia, dat yn de maitiid al úteinsette, hjir perfekt by oan.

Mearwearde

Ek ûndernimmers yn Ljouwert sjogge de mearwearde fan kultuer, sa as hoarekabedriuw In de Brouwerij dat oan it Saailân sit. "Seker doe't Bosk op it Saailân stie, wie der in soad oanrin by ús op it terras", fertelt Baukje Haarsma fan In de Brouwerij.
Neffens Haarsma wienen it foaral minsken út de regio dy't der spesjaal foar kamen. Toeristen fan bûten wisten it faak net. "We hawwe der as bedriuw ek op ynspile. Sa hawwe we in spesjaal pilske broud: it Boskbierke, dat we op de tap hienen en yn in pakketsje ferkochten."