Opnamen yn Fryslân foar koarte film 'De Swarte Krie fan De Deelen'

Opnamen foar de film De Swarte Krie fan De Deelen © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
'De Swarte Krie fan De Deelen' is de namme fan in koarte famyljefilm dy't dizze wike yn Raerd en Tsjerkwert opnaam wurdt. Yn de film spylje bekende Fryske akteurs as Joop Wittermans en Joke Tjalsma.
De film fertelt it ferhaal fan de lytse Dieke dy't troch har fantasy de dea fan har beppe in plakje jout.
"Naast dat het een verhaal over rouwverwerking is, is het een pleidooi voor de fantasie en dat die helend en een hele grote kracht kan zijn", seit Samantha Rietbergen, regisseur fan de film. "Ik vind dat kinderen heel snel moeten opgroeien. Ze worden zo overspoeld door informatie, dat hun eigen fantasie een beetje verdwijnt."
Se hat in soad praat mei minsken oer rouferwurking by bern. "Ze zeggen dat er naast alle verdriet ook ruimte is voor spel. Bij uitvaarten wordt er gehuild, maar ook vaak gelachen. Dat ligt dicht bij elkaar." Yn de film sit de humor yn spraakbetizing en boartlikheid fan de pake.
Joop Wittermans (links), Joke Tjalsma (midden) en Nynke Heeg (rjochts) by de opnamen © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De pake wurdt spile troch Joop Wittermans. "It is in swier tema, mar it skript is sa skreaun dat it ek syn lichte kanten hat. It giet oer akseptaasje fan de dea, hoe't it famke it ferwurket, yn har fantasy, en de pake giet mei yn de fantasy fan it famke."
Joke Tjalsma spilet muoike Yfke yn de film. "It is myn suster dy't stoarn is, ik help ûnder oare mei it skriuwen fan de roukaarten." Ek de Fryske aktrise Nynke Heeg spilet yn de film. De jonge haadrolspylster Dieke wurdt spile troch Anna Klaassen, se praat net Frysk. De heit is in rol fan Joep Vermolen.
De film is takom jier jannewaris te sjen yn ferskate bioskopen, wêrûnder yn CineSneek yn Snits.
Filmopnamen yn Raerd en Tsjerkwert