SportCast: "Andries Noppert kin it boechbyld fan sc Hearrenfean wurde"

SportCast © Omrop Fryslân
Lykas tsjin Sparta Rotterdam, spile sc Hearrenfean mei 0-0 lyk tsjin Feyenoord. De man dy't útgroeide ta held fan Hearrenfean is doelman Andries Noppert. De Jouster bliuwt sels tige nuchter ûnder syn optreden.
De spilers groeiden allinnich mar better yn de wedstriid hoe langer dy 0-0 op it boerd stie. Fansels ek troch it oantal rêdingen fan keeper Andries Noppert. "Dizze jonge keepte fansels in geweldige wedstriid. Mar ek kwa mentaliteit, hoe't hy de parse te wurd stiet. Gjin kapsones, hiel nuchter, ik tink dat hy foar de identiteit en de relaasje tusken de fans en de klup hiel belangryk is", seit Wybren de Boer.
It punt dat de ploech fan Kees van Wonderen pakte, wie mei te tankjen oan it stûfe 5-3-2 systeem tinkt ferslachjouwer Timo Jepkema. "It is neffens Kees van Wonderen dan noch net op it nivo dat er graach sjen wol, mar hoe't hy fuotbalje wol begjint der wol yn te sliten."
"Ik bin wol benijd hoe't dat 5-3-2 systeem rendearje sil as je tsjin in mindere ploech spylje dit seizoen, lykas ferline wike Sparta Rotterdam", seit Andor Faber.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De iene nul-nul is de oare net, dit wie leuk om nei te sjen.
Geert van Tuinen
Ek by SC Cambuur wie doelman João Virgínia ien fan de betteren op it fjild. "It wie krekt in oktopus, mei alles wat hy oan syn liif hingjen hat", seit sportferslachjouwer Geert van Tuinen. "De iene nul-nul is de oare net, dit wie leuk om nei te sjen."
"Tsjin Excelsior wie it noch net echt de keeper dy't Henk de Jong sjen wol, mar hy makke no in goeie yndruk." De 0-0 en dus it punt wie fan grut belang foar de Ljouwerters.
"De oprop yn it foar fan Henk de Jong hat wol holpen. "Se gienen 'als de brandweer'." Dochs hoopje de beide Cambuurwatchers dat der noch in oanfaller by komt. "Der moat noch wol wat by", fynt Geert van Tuinen. "Al tink ik wol dat Remco Balk him foarearst yn de basis spile hat", seit Andor Faber.
SportCast fan 15 augustus