Arcadia lûkt 800.000 besiken; "Nederlân hat mear Fryslân nedich"

De ôfsluting fan Bosk fan Arcadia © Ruben van Vliet
Arcadia hat sa'n 800.000 besiken lutsen yn de 100 dagen duorjende kultuermanifestaasje. De earste edysje fan de triënnale is snein ôfsletten mei in drokbesochte slotperformance fan Bosk.
Fan 6 maaie oant en mei 14 augustus wienen hast 200 artistike projekten op tal fan plakken. De kuierjende beammen yn Ljouwert wienen in grut sukses.

Yntym karakter mei ynternasjonale alluere

Artistyk direkteur Sjoerd Bootsma sjocht tefreden werom. "Arcadia is een plek gebleken waarin mensen met elkaar in gesprek gaan over urgente maatschappelijke onderwerpen. We hebben bewust gekozen voor een langdurend evenement zodat mensen ook de ruimte kregen om zelf mee te doen. Zo is het programma gemaakt door de Friese mienskip, samen met internationale kunstenaars en cultuurmakers. Veel ervaringen kregen daardoor een intiem karakter met internationale allure."
Deputearre Sietske Poepjes is it mei Bootsma iens: "Arcadia hat sjen litten wêrom't we Fryslân ek wol 'it bêste lân fan d' ierde' neame, mei hjir en dêr wat skerpe rântsjes. Nederlân hat mear Fryslân nedich."

Guon projekten rinne noch

De tentoanstelling Paradys yn Oranjewoud is noch oant en mei 28 augustus te sjen. Ek de muzikale teäterfoarstelling Het Verdriet van de Zuiderzee, dy't dit wykein yn premjêre gie, is te sjen oant en mei 11 septimber en it mienskipsprojekt IIS giet langer troch.
Arcadia wie in ferfolch op Kulturele Haadstêd 2018. De folgjende edysje fan Arcadia is pland foar 2025.