Jan Smeekens nimt revâns

26 nov 2011 - 11:09

Jan Smeekens hat de twadde 500 meter yn Astana by it wrâldbekerriden wûn. De Snitser ried 35.05 en dat wie gâns better as syn fjirtjinde plak fan freed yn 35.34. Tae-Bum Mo, de winner fan freed, waard twadde. It ferskil wie lyts: ien hûndertste. Jesper Hospes fan It Hearrenfean, freed winner fan de B-groep, waard kreas alfde yn 35.35.

Trefwurden: 
reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)