Boer fjirde, Oenema sânde

© aw.foto.nl
Margot Boer is op de twadde 500 meter fan de wrâldbekerwedstriden yn Astana fjirde wurden. Se ried 38.06, har bêste tiid oant no ta yn it wrâldbekersirkwy fan dit seizoen. Thijsje Oenema kaam diskear net yn de buert fan it poadium. De Jouster ried 38.45, goed foar it sânde plak. De winst wie foar de Dútse Jenny Wolf yn 37.98. Sang-Hwa Lee fan Súd-Koreä ried ien tûzenste stadiger.