Marrit Steenbergen pakt goud op 200 meter frije slach

Marrit Steenbergen © ANP
Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde hat op it EK swimmen yn Rome in gouden medalje wûn op de 200 meter frije slach. Earder wûn sy ek al de 100 meter frije slach.
Steenbergen mocht in tiid fan 1.56,36 opskriuwe, flak nei har einige de Britske swimster Freya Anderson as twadde mei 1.56,52. Isabel Gose fan Dútslân waard tredde.
"Ik ben echt heel erg blij en had het echt niet verwacht", sei Steenbergen nei ôfrin. "Ik moet het altijd hebben van mijn eerste 100 meter. Ik ging best wel ontspannen weg. Daardoor kon ik de race in het tweede deel goed doortrekken. Ik had net genoeg over om die twee meiden achter me te houden. Ik zag dat ze niet snel genoeg dichterbij kwamen, dus ik wist wel dat de winst binnen was."
Njonken de twa yndividuele gouden plakken einige Steenbergen ek op it earste plak op de 4x200 frij en de 4x100 wiksel mingd.