Henk de Jong wer op ien line mei fans: "Fan de earste sekonde ôf stiene se efter ús"

Henk de Jong © ANP
Henk de Jong hat nei ôfrin fan it lykspul fan SC Cambuur tsjin FC Utrecht (0-0) syn supporters tanke. De trainer fan de Ljouwerter fuotbalklup wie earder dizze wike net te sprekken oer de krityske hâlding fan guon fans.
"Fan de earste sekônde ôf, doe't wy it stadion ynkamen al, stiene se as ien blok efter ús", sei De Jong. "Dan kinne wy safolle."
Henk de Jong nei FC Utrecht - Cambuur
De trainer wie bliid mei it spul dat syn ploech sneontejûn op it fjild lei yn De Galgenwaard. Cambuur koe krekt as ferline wike tsjin Excelsior net skoare, mar neffens De Jong spile Cambuur in grut part fan de wedstriid 'perfekt'.
"We hiene hjoed (sneon, red.) wer sechstich persint balbesit en twentich sjitkânsen", seit De Jong. "It wie echt Cambuurfuotbal: fjochtsje, goed fuotbalje en heech druk sette."
Oan dat 'Cambuurfuotbal' moast nijkommer Léon Bergsma wol efkes wenne, neffens de trainer. Bergsma stie tsjin Utrecht foar it earst yn de basis by Cambuur. "Léon moast ek efkes wenne oan it hege nivo. Sjoch, wy spylje sa'n heech tempo. Hy sei: trainer, ik ben kapot."
Léon Bergsma nei FC Utrecht - SC Cambuur
It wie benammen yn it earste kertier te fernimmen dat Bergsma efkes wenne moast. FC Utrecht hie al gau fjouwer sjitkânsen. "Dat verwacht je bij 'Utrecht-uit', dat het gaat stormen in het eerste kwartier. Maar zó'n hoog tempo had ik ook niet verwacht", seit Bergsma.
"We werden overlopen, ze kregen goede kansen. Maar na de drinkpauze halverwege de eerste helft kregen we het veel beter onder controle."

Virginia rêdt Cambuur

Dat Cambuur nei dy earste faze noch yn de wedstriid siet, hat de klup foar in grut part oan de keeper te tankjen, João Virginia. "João heeft een geweldige wedstrijd gekeept, vooral in de eerste fyftjin à tweintich minuten sleepte hij ons erdoorheen", sa seit Bergsma.
De Ljouwerters koene úteinlik mei it earste punt tefreden werom yn de bus nei hûs. "0-0 is sowieso lekker", seit Bergsma. "Dat hebben we goed gedaan met zijn allen."