Sneltsjinsten Flylân ferfalle
Yn ferbân mei it stoarmige waar ferfalle de sneltsjinsten nei Flylân. Yn plak fan dizze sneltsjinsten fart de gewoane fearboat twa kear ekstra. Sneontemiddei om kertier foar fiven nei Flylân en 7 oere werom en sneintemoarn giet der in boat om 7 oere fan Flylân nei Harns en om 9 oere wer rjochting it eilân.