Brânwacht foarkomt oerslach nei hinneskuorre by grutte bûtenbrân yn Rie

© CAMJO media
Yn Rie is sneontemiddei oan de Dongjumerwei in bûtenbrân útbrutsen by in lege hinneskuorre.
De brânwacht hie opskaald nei 'grutte brân' fanwegen de skuorre dy't op in heale meter stiet en de wetterwinning. It gefaar fan oerslach wie der troch ynset fan de brânwacht nei goed in oere net mear.
Neffens de brânwacht stiene der kûlbalen yn 'e brân. Der kaam in soad reek frij. Nei goed twa oeren hie de brânwacht ûnder kontrôle.
De korpsen fan Sint-Anne, Frjentsjer, Marsum en Harns wiene útriden om de brân út te meitsjen.
De oarsaak fan de brân is net bekend.