Brânwachtfrijwilligers Súdeast-Fryslân ha it drok: "De rek is der aardich út"

Eise Dijkstra fan Brânwacht Fryslân © Omrop Fryslân
De rek is derút by in soad brânwachtfrijwilligers yn Súdeast-Fryslân troch it grutte oantal bûtenbrantsjes. Guon brannen ûntstean troch in ûngelokje, mar oare net. Brânwacht Fryslân ropt dêrom minsken op om no ekstra hoeden om te gean mei fjoer.
Klustermanager Eise Dijkstra fan de Brânwacht Fryslân: "De rek is der by guon posten aardich út. Wy hawwe de ôfrûne twa wiken in soad brannen hân, wêrûnder twa grutte yn twa pleatsen en yn it sintrum fan Wolvegea. Dêrneist al dy bûtenbrannen."
En dat fernimme de frijwilligers. "Dat binne ûndernimmers en dy hawwe oerdeis gewoan harren wurk. Der sitte ek agrariërs by. Dy moatte de moarns ek wer ûnder de kij. Wy binne de nachts in soad yn tou en wy fernimme oan de minsken dat sy sizze dat der net mear in soad bykomme moat", seit Dijkstra.

Oprop

Dijkstra docht dêrom in berop op elkenien. "Ik wol minsken oproppe: wês hiel foarsichtich mei alle fjoer yn de natuer."
De brânwacht hat no al spesjalistysk ark klearstean foar it bestriden fan natuerbrannen en ûntwikkelet plannen om dat oant en mei 2030 fierder út te wreidzjen mei ûnder oare Frânske brânwachtauto's dy't hiel goed yn de natuer te brûken binne.
De rek is derút by brânwachtfrijwilligers