Enerzjycoach: Ek hegere ynkommens aanst yn de problemen

Enerzjycoach Helfferich en frou Stienstra © Omrop Fryslan
As de kachel aanst wer oan kin, sille der mear húshâldingen yn de problemen komme. Dat foarseit enerzjycoach Engbert Helfferich fan de gemeente Waadhoeke en Harns. Frou Stienstra dûst net mear en hat de kachel leger.
It kin neffens Helfferich net oars dat minsken mei in gewoan ynkommen it aanst ek fernimme. De gas- en elektrisiteitsprizen geane allinne mar mear omheech, plus de prizen foar boadskippen en brânstof. Ek twafertsjinners mei in keaphûs krije it daliks hiel dreech.

Gedrach oanpasse

It soe goed wêze as dy minsken no al saken oanpasse. Want it sit him faak net iens yn grutte ynvestearringen, wit Helfferich, mar mear yn gedrach. It alderwichtichst is maatwurk. Dat elts docht wat by him of har past en it dan ek folhâlde kin. Hy komt as coach út de gemeente wei fergees by minsken thús om advys te jaan.
Wat Helfferich faak sjocht, is dat minsken in strielkachel brûke om de boel waarm te hâlden. Wylst in ynfrareadpaniel folle suniger ferwaarmje kin. Koarter dûse helpt ek. Of as je sinnepanielen ha, dan de waskmasine of ôfwaskmasine oerdei draaie litte.
Faak witte minsken ek net iens watfoar kontrakt se krekt ha, oft der ferskil sit yn dal- en pyktaryf. It helpt as je dat wol witte en dêr je gebrûk op oanpasse.
© Omrop Fryslân
By frou Stienstra is Helfferich no oan it sjen oft se mei tegoedbonnen fan de gemeente in ynfrareadpaniel keapje kin, want sy hat de kachel safolle mooglik út. In paniel soe se goed by de bank delsette kinne om sa harsels te ferwaarmjen. En de kat, want foar de kat hie se nachts de kachel ek oan. Dy kin ek prima mei in pear graden minder, wit se no.

Grouwe rekken

Se blierket hielendal, want har ferbrûk is folle minder wurden. Neidat se oerstapt wie nei in oare gasleveransier, kaam der in ôfrekken fan 600 euro. Har oare kat wie krekt ferstoarn dus se hie ek in grouwe rekken fan de bistedokter, en de fyts wie ek nochris stikken. Se wist net hoe't se alles ha moast mei har AOW en lyts pensjoen.
Doe hat se de gemeente belle om te freegjen nei de enerzjycoach. Dêr hie se oer lêzen yn de krante. No't Helfferich wer by har oan de tafel sit, fertelt se dat se ek net mear dûst en dat se harsels allinnich mar wasket. "Sa diene we it eartiids ek."
Foar de ôfwask siedt se wetter mei de wettersieder en brûkt se net mear de hite kraan. It helpt, want har ferbrûk is nei ûnderen gien. Se is leger ynskaald, mar hat sels frege oft dat heger kin. Se wol net wer bybetelje oan de ein fan de rit.
Oft se har soargen makket foar de kommende winter? Nee. Se hat in kontrakt foar fiif jier en se wit no hoe't se besparje kin.
Enerzjycoach Engbert Helfferich op besite by frou Stienstra