FryslânDOK oer wenningneed: Huzen by de fleet, mar net earlik ferdield

Nijbou yn Heech © Omrop Fryslân
De huzen op it Fryske plattelân wurde faak ferkocht foar in soad jild of as twadde wente. It gefolch is wenningneed foar jongeren en oare starters. Hoe is it probleem ûntstien en hoe kin Fryslân it oanpakke?
De wenningprizen binne yn Fryslân minder eksorbitant as yn de Rânestêd, mar geane wol relatyf like hurd omheech.
Dêrnjonken hat Fryslân te krijen mei de druk fan minsken út it in oar part fan it lân dy't hjir in hûs bemachtigje wolle - al as net as twadde wente. Dat driuwt de prizen op en it liedt ta leechstân. Foar de leefberens in minne ûntwikkeling.
FryslânDOK 'Hillige Húskes' - diel 1
Sneon 13 augustus NPO2 15.30 oere (werhelling snein 14 augustus 13.10 oere)
Snein 14 augustus Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Yn wettersportdoarp Heech binne nije huzen boud, dy't ferkocht binne as twadde wente. In grut part fan it jier steane dy huzen dus leech. Foar starters binne sokke wenten finansjeel ûnberikber.
Yn 'Hillige Húskes' ûndersykje programmamakkers Johanna Brinkman en Bart Kingma de gefolgen fan de kânse-ûngelikens. Hokker groepen fiele de pine it meast?
Bart Kingma en Johanna Brinkman © Omrop Fryslân
Neffens histoarikus Tim Verlaan fan de UvA, de universiteit fan Amsterdam, komt de wenningneed troch it oerheidsbelied sûnt de jierren tachtich. Dat feroare doe fan 'soargje foar goed ûnderdak' yn 'it stimulearjen fan eigen besit'. De frije merk krige frij spul, huzebesitters krigen allegear foardielen.
Tim Verlaan, histoarikus UvA © Omrop Fryslân
Verlaan seit dat dat systeem yn de takomst net langer oerein te hâlden is, omdat de skea foar de have-nots te 'ontwrichtend' is. De huzen binne net earlik ferdield. Verlaan pleitet derfoar dat de oerheid de leie wer stevich yn hannen nimt op de wenningmerk.