Fiskersferhalen as ynspiraasje foar muzykteäterstik 'Het verdriet van de Zuiderzee'

Jan de Vries fisket noch út Laaksum wei © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De premjêre fan de foarstelling 'Het verdriet van de Zuiderzee' fan Orkater is moarn oan de Aldemardumerklif. Muzykteäter oer de gefolgen fan de Ofslútdyk foar natuer en kultuer. Sa betsjutte de ôfsluting de ein foar de measte fiskers yn de Sudersee.
Guon fiskers waarden boer op it nije lân, oaren giene hast tsjin better witten troch. Doede Mulder fan Hylpen, skipper op de HI42, seach der gjin heil mear yn. Yn 1933 die er himsels tekoart, wit syn omkesizzer Tine Nieuwland.
"It sâlte wetter ferdwûn mei de hjerring en de ansjofisk. Hy sei: se meitsje strjitmakkers fan ús. Hy gie hjir nei de hoeke achter it peilskaalgeboutsje, hy die in string lead om syn taille. Hy lei syn pet op de gloaiïng en hy is it wetter yn rûn. It wetter dat him altyd brea jûn hat, naam syn libben werom."
Tine Nieuwland op it plak dêr't har omke yn 1933 de see yn rûn om net wer libjend werom te kommen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Jan de Vries is de lêste út in geslacht fan fiskers yn Laaksum. Syn pake en heit seagen hoe't it sâlte wetter tagelyk mei de sâltwetterfiskers ferdwûn. "Doe waard it wetter hieltyd swieter. Op it lêst kaam de snoekbears en de bears. Dat wreide mear en mear út nei 1932. Doe waard dy fiskerij wer hieltyd better."

'Hast gjin besteansrjocht mear'

De Vries fisket sels sûnt 1976 en hat der goed fan libje kind. Oant der beheiningen kamen. "Wy meie no noch mar acht netten fiskje. Dus besteansrjocht hat it hast net mear foar ús. Hjir binne hast gjin Iselmarfiskers mear en der is ek gjin fiskôfslach mear."
Fiskersferhalen as ynspiraasje foar muzykteäterstik 'Het verdriet van de Zuiderzee'
Hy lit him net kiste en fisket tegearre mei syn broer troch. Neigeslacht hawwe se net. "Ik wit net hoe lang ik it noch doch. Salang't ik noch sûn en fit bin, fiskje ik troch. It is wol dreech, mar ik haw AOW, dus ik bin net ôfhinklik fan de fiskerij. Ik set wol troch, want it is sok moai wurk. Je sitte altyd wer yn spanning, je binne moai it wetter op yn de frije natuer en eigen baas."
Hy fynt it skande dat dêr in ein oan komme moat. "Dat komt troch al dy maatregels. Je moatte it no grutskalich dwaan, oars kin it net mear."
Ditsoarte fan fiskersferhalen binne de ynspiraasje foar it muzykteäterstik. En yn it ramt fan de foarstelling is yn museum Mar en Klif yn Aldemardum in eksposysje te sjen oer de skiednis en takomst fan dizze streek.