'Simmer yn Fryslân': de fleanersfreoneklup fan Drylts

'Simmer yn Fryslân' yn Drylts
Foar ús doarpetoer Simmer yn Fryslân wiene wy tongersdei yn Drylts. Ferslachjouwer Lennie Bronsveld dompele har ûnder yn de skiednis, mar gie ek nei it 'fleanfjild' fan de stêd.
Drylts hat in eigen modelfleanklup, ûnder de wjukken fan Stichting Nationaal Modelvliegcentrum Romeo. Dy stichting hat mei EMVO Phoenix ek in echte modelfleanskoalle. De klup hat leden út it hiele lân en sels fan dêrbûten.

Fleanersfreoneklup

In fleanskoalle klinkt miskien djoer, mar it giet eins om in freoneklup mei sa'n fjirtich aktive leden. It hiele jier troch binne de klupdagen, faak folge troch bygelyks in barbecue.
De lessen binne fergees, al freget de klup wol frijbliuwend om in jefte. Wat dêrfan oerbliuwt, giet wer nei it goede doel: nei in weeshûs yn Sry Lanka en nei in projekt fan it feteranebûn. As minsken les nimme, wurde sy automatysk in jier lid fan de klup.
De klup bestiet noch mar sûnt ferline jier: sy binne op 26 novimber dan ek fan doel har 1-jierrich bestean te fieren. Tongersdei sammelen har tal fan piloaten op it greidelân by Drylts ûnder de baarnende sinne, drok dwaande mei technyk en behearsking.
Lykas ferline jierren is Omrop Fryslân dit jier wer op roadtrip nei al it moais fan Fryslân. Oant en mei 26 augustus giet Omrop Fryslân mei de radioferslachjouwers del by ferskate doarpen en plakken. Stim ôf op 92.2 FM en hear de hiele dei wat der bart.
Freed 12 augustus is Omrop Fryslân yn De Hoeve. In oersjoch fan alle plakken is te finen op omropfryslan.nl/simmer.