Skûtsje De Lemmer nei 34 jier wer kampioen fan de SKS
It skûtsje fan De Lemmer is nei 34 jier wer kampioen fan de SKS, mei skipper Albert Visser. Op eigen wetter kamen De Lemsters as earste oer de einstreek en dêrtroch kinne se net mear ynhelle wurde yn it klassemint.
De Lemster kommisje hie der in op-en-delbaan ynlein mei in gate, wêrby't skûtsjes by de ûnderste tonne kieze moasten tusken stjoerboard of bakboard.
De Lemmer en Grou njonken inoar
By it startskot die fuortendaalks bliken dat Snits werom moast: it skûtsje makke in falske start, it lei heger as de rest fan it fjild. De earste twa skûtsjes dy't troch de wyn giene, wiene De Lemmer en Grou: de twa koprinners yn it klassemint.
Langwar sylde net sa't it earder die en hie te lijen fan in minne start mei net in soad wyn. Al nei sa'n fiif minuten silen wiene der grutte gatten yn it fjild slein. De Lemmer kaam, op kampioenskoers, as earste om de tonne. Grou siet der net fier efter, mar ferlear hichte en snelheid.
Oan it toutsje
Hoe't de wyn de wedstriid iepen smite koe, die nei in kertier bliken. De Lemmer kaam hielendal dea te lizzen, wylst Ljouwert, Grou en Huzum wol de wyn yn de seilen krigen.
De klassemintslieders sieten suver oan in toutsje, oant it momint dat Albert Visser fan De Lemmer keas om de oare kant fan de gate te pakken as Grou fan Douwe Visser.
De koers dy't Grou keas, like better, mar de Grousters draaiden te betiid. By de boppeste tonne kaam De Lemmer foar Grou te lizzen, mar net op it earste plak. It skûtsje fan Huzum mei Johannes Meeter makke deselde slach as Grou, mar sy setten dy slach wol troch. Dat waard beleanne mei de kopposysje.
Beslissende slach
By de rûte dêrnei gienen Grou en De Lemmer wer net mei-inoar mei en wer kaam Grou it minste út de slach. De Lemmer fleach sels Huzum foarby en dêrmei like it kampioenskip wol beslikke.
De Lemsters joegen harren foarsprong yn it lêste part fan de wedstriid net mear út hannen. De Lemsters kinne yn it klassemint no net mear ynhelle wurde. Freed wurdt der noch syld by Snits, mar foar de klassemintslieder docht dy wedstriid der fierder net mear ta.
De lêste kear dat De Lemmer it SKS-kampioenskip wûn hie, wie yn 1988 mei skipper Jelle Reijenga.
De útslach fan de twadde wedstriid by De Lemmer
Skûtsje | Punten | |
1. | De Lemmer | 0.9 |
2. | Huzum | 2 |
3. | Grou | 3 |
4. | Ljouwert | 4 |
5. | Wâldsein | 5 |
6. | Súdwesthoeke | 6 |
7. | It Hearrenfean | 7 |
8. | Langwar | 8 |
9. | Snits | 9 |
10. | Earnewâld | 10 |
11. | De Heale Moanne | 11 |
12. | De Jouwer | 12 |
13. | Drachten | 13 |
14. | Akkrum | 14 |
"Ik moat der efkes oan wenne, mar it is sa, leau ik", seit skipper Albert Visser wat ferbjustere nei ôfrin fan de wedstriid. Visser reagearre rêstich fuort nei de finish. "Daliks komt it wol as ik by de famylje bin en ik tink dat we daliks in feestje hawwe. Freed sile we net yn, dan sliepe we út", grapket hy.
Adviseur Bouke Kuipers neamt it beheljen fan it kampioenskip 'geweldich': "Op it eigen wetter, moaier kin net en we meitsje De Lemmer sa bliid."
It klassemint mei noch ien wedstriid te gean
Skûtsje | Punten | Oflûk |
1. De Lemmer | 24,9 | 8 |
2. Grou | 33,7 | 13 |
3. Langwar | 43,6 | 12 |
4. It Hearrenfean | 48,9 | 10 |
5. Ljouwert | 52 | 12 |
6. Huzum | 57 | 14 |
7. Earnewâld | 60 | 14 |
8. Snits | 62 | 14 |
9. De Jouwer | 70,9 | 14 |
10. Drachten | 76 | 13 |
11. Akkrum | 82 | 14 |
12. De Heale Moanne | 83 | 14 |
13. Wâldsein | 88 | 14 |
14. Súdwesthoeke | 91 | 14 |