Wa wint de SKS? "Ien goede of minne slach kin in wrâld fan ferskil meitsje"

De twa favoriten om de einoerwinning: Grou en De Lemmer © Martin de Jong Fotografie
Noch trije wedstriden en dan is de SKS-kampioen fan 2022 bekend. De kommende twa dagen wurdt syld by De Lemmer en freed is de slotwedstriid op de Snitser Mar.
De striid boppeyn giet al in goede wike tusken de skûtsjes fan De Lemmer en Grou, fan skippers (en neven) Albert en Douwe Visser. Mar nei't beide manlju moandei har minste race oant no ta hienen, komme Langwar en It Hearrenfean, fan respektyflik de bruorren Harmen en Sytze Brouwer, ek wer yn de buert.
Wa makket de bêste kânsen? Op dizze rêstdei beprate we it mei ús skûtsjekenners: ferslachjouwer Geartsje de Vries en de kommentatoaren Gjalt de Jong en Eelke Dijkstra.
Albert Visser, Douwe Visser of noch in oar: wa wint de SKS? © Omrop Fryslân
Wa meitsje der allegear noch kâns op de titel?
Geartsje de Vries: "De Lemmer en Grou. Ik tink net dat der noch mear titelkandidaten binne, of der moatte gekke dingen gebeure."
Sa'n minne útslach fan Grou wie al fyftjin jier lyn. Dat sil net gau wer gebeure.
Geartsje de Vries
Gjalt de Jong: "Dat tink ik ek. De Lemmer is de grutste kânshawwer, mar Grou sit der net safier ôf. Dy ha wol al twa minne wedstriden hân. Noch ien mindere en de kâns wurdt in stik lytser."
Geartsje: "Moandei hie Grou in hiel minne útslach, doe't se trettjinde waarden. Sa'n minne útslach wie wol in jier as fyftjin lyn. Dat wie wol hiel útsûnderlik, dat sil net gau wer gebeure."

Top fan it klassemint

Skûtsje Punten nei ôftrek Minste resultaat
1. De Lemmer 21 8
2. Grou 26,7 13
3. It Hearrenfean 33,9 10
4. Langwar 34,7 12
5. Snits 39 14
Teoretysk kin der noch fan alles gebeure. De winner fan in wedstriid krijt 0,9 punten, de nûmer twa 2 punten, de nûmer trije 3 punten en sa fierder oant en mei it fjirtjinde plak.
De skûtsjes meie de punten út harren minste wedstriid ôflûke fan it totaal. Der stean noch trije wedstriden op it programma.
Eelke Dijkstra: "Ik tink dat de earste fjouwer allegear noch kâns meitsje. Dus beide Vissers en beide Brouwers."
Geartsje en Gjalt, wêrom sjogge jim It Hearrenfean en Langwar gjin kâns mear meitsjen?
Geartsje: "As Langwar noch trije kear earste wurdt, dan wol. Ik sei juster al: de bear is los. Mar yn it skûtsjesilen is it hiel dreech om sa'n ferskil noch goed te meitsjen."
Gjalt: "Boppedat moat ik noch mar sjen oft we noch trije wedstriden krije. As it waar sa wurdt sa't no foarsein wurdt, bin ik bang dat der freed net genôch wyn komt om te silen."
Geartsje de Vries mei skipper Harmen Brouwer fan Langwar © Martin de Jong Fotografie
Eelke: "Mar der kin noch fan alles gebeure! Ast noch trije wedstriden sa as moandei krijst, dan giet it hurd. It wurdt frij licht waar, mei in east- oant noardeastewyn. De wyn komt dan oer lân, benammen by De Lemmer. Dan krijst enoarme skiftingen. Ien goede of minne slach kin dan in wrâld fan ferskil meitsje."
Geartsje: "Foardiel foar De Lemmer is wol dat skipper Albert Visser freed syn adviseur Harry Amsterdam werom krijt, dy't op it stuit yn de Snitswike sylt. Dat is echt in goeienien."
We ha no acht wedstriden hân. Foarôf gong it in hiel soad oer de nije seilformule. Wat sjogge jim dêrfan werom yn de wedstriden?
Gjalt: "Sjoch mar nei hoe ticht oft it byelkoar leit: ien foutsje wurdt ôfstraft. Tagelyk: ast de holle derby hâldst, dan kinst fan de achterein hielendal nei foaren sile. It hat seker fertuten dien."
Eelke: "Oan de oare kant: ast it klassemint wat yn trije parten opdielst, dan sjochst toch in soad deselde skippen dy't dêr de foarige jierren ek stienen."
Kommentator Eelke Dijkstra (rjochts) mei analist Pieter Brouwer © Omrop Fryslân
Geartsje: "Mar der binne dit jier yn de wedstriden echt in opfallend soad wikselingen, dat hat wol mei dy nije formule te krijen. De skûtsjes lizze folle tichter byelkoar. De ferskillen wurde mear makke troch skipper en bemanning, mear as earder."
Al dy wikselingen komme ek troch moaie, útdaagjende banen. Der binne folle mear mooglikheden om oan te fallen.
Eelke Dijkstra
Eelke: "Ik wit it net. Dat der in protte wizigingen binne, hat ek te krijen mei wynskiftingen. Mei in strakke wynkrêft 4 of 5 hast dat minder. Al dy wikselingen komme ek troch moaie, útdaagjende banen. Der binne folle mear mooglikheden om oan te fallen."
Hokker skûtsje is foar jim de grutste ferrassing?
Geartsje: "Dat moat Langwar fan Harmen Brouwer wêze. It begjin gong noch net sa goed, hy hat wat mindere races hân. Mar hy hat no wol trije fan de lêste fiif wedstriden wûn. En dat foar in debutant as SKS-skipper."
Gjalt: "Ik sis ek Langwar. Ik hie wol ferwachte dat er goed sile soe, mar meidwaan om de top 3 en trije dei-oerwinningen, dat is unyk."
Kommentator Gjalt de Jong op it wetter by Ealahuzen © Martin de Jong Fotografie
Eelke: "Harmen docht it knap, yndie. Mar ek al is er nij as skipper yn de SKS, hy sylt al wol lang mei. Earder wie er ek al einferantwurdlik yn de IFKS. Dus dy rol is net hielendal nij foar him."
Wa ferrast dy dan wol?
Eelke: "De Jouwer bygelyks. Dy ha in pear domme dingen dien, mar dy hat my wol yn positive sin ferrast. Kwa klassemint noch net echt, mar se ha wol in pear moaie dingen sjen litten. En Drachten docht it yn it klassemint ek net sa goed, mar hat wol in pear geweldige starts hân."
Wat fûnen jim it moaiste momint oant no ta?
Eelke: "Harmen Brouwer syn earste dei-oerwinning. Dat wie op Terherne, doe hie ik wol even triennen yn de eagen. Syn reaksje, sa moai. En mei stip op twa de wedstriid fan juster by Wâldsein, dat de twa bruorren Brouwer achter elkoar oer de line kamen."
De wedstriid by Wâldsein fan moandei wie hiel moai. Dêr siet alles yn.
Gjalt de Jong
Geartsje: "Terherne wie hiel moai, ja. De earste oerwinning foar Langwar en se wienen sa ferskriklike bot út de skroeven. Net allinnich Harmen Brouwer, mar de hiele bemanning. Se stienen allegear te janken."
Gjalt: "Sa as juster yn Wâldsein ek, dêr siet alles yn: wynskiftinkjes, moai rom wetter. En in moaie einstriid om it earste en twadde plak."
Ta beslút: wa wurdt kampioen?
Geartsje: "De Lemmer mei Albert Visser."
Gjalt: "Dêr kinst hast net omhinne, nee. Syn útgongspunt is sa goed. As er in bytsje gemiddeld bliuwt - hy hoecht net iens in deipriis te heljen - dan wurdt er gewoan kampioen."
Eelke: "Ik moat ek De Lemmer sizze. Dy binne it measte konstant. Soms is it even wat minder, mei in falske start bygelyks, mar dan einigje se dochs as tredde. Dus ik set myn jild dêr ek op yn."
De lêste trije wedstriden fan de SKS binne de kommende dagen streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân. Op ús webside, app en op YouTube.
De útstjoering set alle dagen om 13.45 oere útein mei in foarbeskôging. Om 14.10 oere klinkt it startskot. Mear ynformaasje oer it skûtsjesilen is te finen op ús dossierside.