Vitens docht oanjefte fan fersmoarging brânput mei jarre by Oerterp

De brânput fol mei jarre © politie.nl
Drinkwetterbedriuw Vitens hat oanjefte dien fan de fersmoarging fan in brânput by Oerterp. Unbekenden hiene jarre yn de brânput smiten en dat hie grutte gefolgen ha kinnen foar de drinkwetterfoarsjenning, seit wurdfierder Jeroen Bruning fan Vitens.
"Het had kunnen gebeuren dat Vitens als drinkwaterbedrijf de drinkwatervoorziening tijdelijk had moeten onderbreken, om een ontstane besmetting te kunnen verwijderen", leit Bruning út.

Besmettingen net útsletten

De fersmoarging kaam sneontemiddei oan it ljocht, doe't de brânwacht de put lâns de N381 by Oerterp brûke woe om bermbrantsjes út te meitsjen. In brânput stiet net yn direkt kontakt mei drinkwetterboarnen, mar neffens Bruning kin it risiko net útsluten wurde dat der dochs besmetting plakfine kin.
We nemen het hoog op, zeker in tijden waarin drinkwater cruciaal is voor onze gezondheid.
Jeroen Bruning, wurdfierder fan Vitens
Vitens hat noch nea meimakke dat in brânput fersmoarge waard, seit Bruning. "Dit is voor ons nieuw en we zijn ook enorm geschrokken dat dit gebeurd is. We zijn niet alleen geschrokken, we hebben daarom ook aangifte gedaan over dit incident."
It drinkwetterbedriuw is net te sprekken oer de aksje. Bruning: "We nemen het hoog op, zeker in tijden waarin drinkwater cruciaal is voor onze gezondheid. We moeten blijven drinken bij warmere temperaturen en ook voor onze hygiëne willen we natuurlijk als drinkwaterbedrijf niet dat burgers of bedrijven het drinkwater wordt onthouden."
De put is is yntusken skjinmakke en kin wer brûkt wurde. De plysje siket tsjûgen fan it stoarten fan de jarre yn de put.