Ek Fryslân krijt Museumnacht: "Door de hele provincie, uniek in Nederland"

It nije museum by de terp fan Hegebeintum is ien fan de dielnimmers oan Museumnacht FRL © RTV NOF, Esther Leystra
Fryslân krijt takom moanne in eigen Museumnacht. Op 17 septimber iepenje tweintich musea yn ferskate Fryske plakken jûns en nachts de doarren foar it publyk.
Museumnacht FRL is in inisjatyf fan Museumfederatie Fryslân en Merk Fryslân, mei stipe fan de provinsje. Neffens de organisaasje is it bysûnder dat it evenemint provinsjaal oanpakt wurdt.

Unyk

"Een Museumnacht is in grote steden een ontzettend aantrekkelijk event en door het avontuurlijke karakter ook bij een jongere doelgroep populair", seit Mirjam Pragt fan Museumfederatie Fryslân. "De Museumnacht in Fryslân wordt bovendien niet in één stad maar door de hele provincie gehouden, dat is uniek in Nederland."
Ek it Woudagemaal op De Lemmer docht mei oan de Museumnacht © Omrop Fryslân
It tema fan de Fryske Museumnacht is 'de nacht is onze speeltuin'. Yn de dielnimmende musea is neffens de organisaasje in aventoerlik en spannend programma fan muzyk, keunst, sprekkers en ferhalen te sjen.
Museumnacht yn Fryslân
Oan Museumnacht FRL dogge de folgjende musea mei: Museumhuis Van Eysinga, De Utrecht, Obe by Tresoar, Pier Pander Museum, Fries Landbouwmuseum, Museum Warten, Fries Scheepvaart Museum, Houtstad IJlst - museum en werkplaats, Museum Martena, Kazemattenmuseum, Museum 't Fiskershúske, Kennis- en informatiecentrum Terp Hegebeintum, Museum Dokkum, Fogelsangh State, Observeum, Museum Dr8888, Museum Joure, Museum Heerenveen, Museum 't Kiekhuus en Ir. D.F. Woudagemaal.
It folsleine programma is te lêzen op museumnacht.frl.
It is de bedoeling dat de Fryske Museumnacht takom jier in ferfolch krijt. "Dat hebben we wel als duidelijk idee, en als onze droom. We willen graag dat er volgend jaar ook een museumnacht plaatsvindt en dat er wat meer musea meedoen", seit projektlieder Koen Haringa.