Wer twa oanhâldingen foar ôffaldumpingen A7

Offal op de A7 by Fryske Peallen © ANP
De plysje hat op 'e nij twa minsken oanholden foar ôffaldumpingen op de sneldyk A7. It giet om in 20-jierrige man fan De Gordyk en ien fan 19 út de Grinzer Pein.
Ferline wike waard al in man fan 32 út de gemeente Westerkwartier oanholden foar ôffaldumpingen by Fryske Peallen en Marum.
Alle trije manlju wurde fertocht fan brânstichting en it oertrêdzjen fan de wet miljeubehear.
It ôffal by Fryske Peallen waard yn de nacht fan 27 op 28 july dumpt. It opromjen dêrfan duorre lang: omdat Rykswettersteat dêr gjinien foar fine koe, bleaune de op- en ôfrit in grut part fan dy wike ticht.
It ûndersyk giet fierder, de plysje slút mear oanhâldingen net út.