SportCast: "As je thús fan Excelsior ferlieze, moatte je je grutte soargen meitsje"

SportCast © Omrop Fryslân
It wie in grutte tebeksetter: de 2-0 nederlaach fan SC Cambuur tsjin promovendus Excelsior. Der wiene al soargen oer de Ljouwerters en dy binne noch allinnich noch mar grutter wurden, is te hearren yn de SportCast.
De ûnferwachte ferliespartij besoarge sportferslachjouwer Geert van Tuinen nei eigen sizzen in 'katerich' gefoel: "Der ûntbrekt echt wol wat. De groep is lang byinoar. Ik bin in yntuïtyf minsk en haw der in beroerd en katerich gefoel oan oerhâlden."
"As je thús fan Excelsior ferlieze, dan moatte je je grutte soargen meitsje", fynt sportferslachjouwer Arjen de Boer. De Rotterdammers wurkje mei de lytste spilersbegrutting fan de earedivyzje. Cambuur wie folle better en krige de wrâld oan kânsen, mar skoarde net.
Dy soargen binne terjocht, mar jou it efkes de tiid.
Sportferslachjouwer Andor Faber oer Cambuur
Sportferslachjouwer Andor Faber nuansearret dêrom de soargen fan Arjen de Boer. "Dy soargen binne terjocht, mar jou it efkes de tiid. Stadichoan sille yn augustus de puzelstikjes yn elkoar falle, mei bygelyks it weromkommen fan Silvester van der Water."

Hegere ferwachtings

Ek sc Hearrenfean brocht yn de earste wedstriid fan it nije seizoen net wat it bringe moast. Thús tsjin Sparta Rotterdam kaam de ploech fan trainer Kees van Wonderen net fierder as in doelpuntleas gelykspul.
Arjen de Boer moast de sliep ûnder de wedstriid út syn eagen wriuwe. "Je geane mei hege ferwachtings nei it Abe Lenstra Stadion, mar de útfiering wie ûnder de maat. 0-0 is in teloarstellend resultaat, hoe dan ek. It wie sliepferwekkend."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
"It iennige pluspuntsje: se hawwe de nul hâlden", seit Arjen de Boer, dy't lykwols wol mear ferwachte hie fan de twa spitsen fan de Feansters. "Van Hooijdonk en Sarr hawwe we amper sjoen. Dat is wol spitich."
De SportCast fan moandei 8 augustus