Man net goed wurden en ferstoarn yn see by It Amelân

© AS Media
Yn it wetter fan de Noardsee by It Amelân is in âldere man ferstoarn. Neffens de KNRM is de man net goed wurden. Doe waarden de helptsjinsten ynskeakele. Lifeguards hawwe it slachtoffer út it wetter helle.
It ûngelok mei de swimmer barde by it strân by Nes. Der binne ferskate helikopters nei it strân ta flein en der is ek in ambulânse op it plak kaam.
De rêdingsbrigade hie reade flaggen by it strân hingjen, wat betsjut dat je net swimme meie. Oft dit is om't der gjin lifeguards oanwêzich wiene of om't der sprake wie fan in gefaarlike situaasje, koe in wurdfierder fan de KNRM noch net sizze.

Op 'e nij yn aksje

It wie al de twadde dei dat helptsjinsten yn aksje komme moasten foar in swimmer op It Amelân. Sneon rekken der fjouwer swimmers yn de problemen, fan wa't der ien net mear oan de wâl komme koe. Lifeguards en omstanners hawwe dizze swimmer mei muoite út it wetter krigen.
De drinkeling fan sneon is mei in traumahelikopter nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.