Dit komt der allegearre sjen by in SKS-útstjoering fan Omrop Fryslân

Dit komt der allegearre sjen by in SKS-útstjoering fan Omrop Fryslân
Wat is der allegearre nedich om it SKS-kampioenskip by dy thús yn de wenkeamer te krijen? Omrop Fryslân pakt dit jier grut út: yn dizze fideo litte wy dy efter de skerms meisjen.
In kamera yn in kraan boppe it wetter, ien op in speedboat, ien op it startskip, ien op de radioboat, allerhanne losse kamera's en sels in dronekamera: der komt hiel wat by sjen om de skûtsjes goed yn byld te krijen.
Der rinne alle dagen tal fan technisy en ferslachjouwers op lokaasje, der wurdt live in foar- en neibeskôging fersoarge en der binne ûnder de wedstriid ynterviews te sjen.
Der is in hiele karavaan nedich om dat foarinoar te krijen: net allinne oan materiaal, mar ek oan minsken. Op de ferskate lokaasjes stekke goed tsien Omrop-meiwurkers de hannen út de mouwen en op de redaksje yn Ljouwert is ek in ploech oan it wurk foar de SKS.