Henk de Jong: "Safolle kânsen ha we noch noait hân yn de earedivyzje"

Roberts Uldrikis mist in kâns foar iepen doel © Orange Pictures
It ferlies tsjin Excelsior wie net nedich. Dat seit trainer Henk de Jong fan Cambuur. It wie wol terjochte, seit er. Cambuur makke gjin doelpunten.
"We ha tritich kear op goal sketten. We ha hast tsien 100-persint kânsen hân. Safolle ha we noch noait hân yn de earedivyzje."
Cambuur ferlear mei 2-0. It is eigen skuld fan Cambuur, seit De Jong. "We dogge ússels tekoart. It is in miste kâns, we hiene foar it earst yn de skiednis de iepeningswedstriid yn de earedivyzje winne kind."
Henk de Jong: "Safolle kânsen ha we noch noait hân yn de earedivyzje"
Der komme swiere tsjinstanners oan foar Cambuur. Yn de kommende wedstriden moatte de Ljouwerters nei Utrecht en Fortuna Sittard, en AZ komt nei Ljouwert. De Jong is dêr net bang foar.
"Dan moatte we net yn de earedivyzje spylje, as we net tsjin AZ en al dy ploegen spylje wolle. Dan moatte we sizze: we degradearje, dan kinne we tsjin oare ploegen spylje. Dan kinne we no wol ophâlde. Want we moatte ek noch tsjin Ajax. En tsjin Feyenoard. En Hearrenfean-út."
De Jong lit him net kiste, seit er. "We moatte sjen dat we noch in nije fleugel-spiler krije." Oft dy dizze wike komt, dêr lit De Jong him net oer út. "Dan moatst by Foeke Booy wêze", laket er.

Doodzonde

It wie in swiere wedstriid, seit Mees Hoedemakers. "Zonde dat we verliezen, thuis. Doodzonde. We hebben er alles aan gedaan."
De bal woe der net yn. "Dat is heel lullig voor ons, want daardoor verliezen we met 2-0. Zij hebben weinig gecreëerd, maar de kansen die ze krijgen gaan erin."
Mees Hoedemakers
"In de rust zeggen we nog tegen elkaar dat het kan. Als de 2-1 valt, kunnen we ook zo de 2-2 maken. Maar hij wilde er echt niet in."
"We waren een paar klasses beter", seit Hoedemakers. "We hadden moeten winnen, maar we staan met lege handen."