Bemanningslid oerboard by oanfarring skûtsjes De Jouwer en Wâldsein

© Omrop Fryslân
By in oanfarring tusken de skûtsjes fan Wâldsein en De Jouwer is in bemanningslid oerboard slein.
De oanfarring wie te sjen yn in rjochtstreekse útstjoering fan Omrop Fryslân.
Bemanningslid oerboard by oanfarring: "Komt dit wol goed?"
Op de bylden is te sjen dat it skûtsje fan de Jouwer romte jaan moat oan dat fan Wâldsein. De Jouwer draait wol, mar te let. De oanfarring is dan net mear foar te kommen.
Neffens in ferslachjouwer op it wetter is it bemanningslid dat oerboard sloech net ferwûne rekke.