Undernimmers fersiere etalaazjes foar jubileumedysje Snitswike

De Snitswike (hjir op argyffoto) © ANP
Yn Snits begjint hjoed de 85e edysje fan de Snitswike. Nei twa jier ôfwêzigens kin it grutste sylevenemint op Europeesk binnenwetter lang om let syn jubileumedysje fiere.
Tritich ûndernimmers yn de binnenstêd fan Snits dogge mei oan de stickeraksje fan de stichting Sneekweek. Se fersiere harren etalaazjes mei nautyske stickers. It doel is om de besikers, ûndernimmers en bewenners 'it ultime Snitswike-gefoel' te jaan.
De nautyske stickers binne de sifers 85, de Wetterpoarte en seinflaggen dy't mei-inoar it wurd 'welkom' útbyldzje. De 85ste edysje fan de Snitswike wurdt freedtejûn offisjeel iepene en duorret dêrnei seis dagen.
Seinflaggen fersiere Snits de kommende wike © Omrop Fryslân
Om alle belangen better op elkoar ynspylje te litten, is yn maaie fan dit jier de stichting Sneekweek oprjochte. Dy hat as taak alle partijen by elkoar te bringen dy't belutsen binne by de Snitswike. It doel moat wêze dat de Snitswike noch jierrenlang op in sûne manier troch kin.

Sfear yn de stêd

"Sneek is de watersporthoofdstad van Nederland en we willen dat die sfeer ook in de stad uitgeademd wordt", fertelt Esther Poiesz fan de stichting. "Daarom hebben we de ondernemers gevraagd om een toolkit af te nemen waarmee ze hun etalages kunnen versieren."
Der binne tritich ûndernimmers dy't har dêrfoar ynskreaun hawwe. Ien fan de bedriuwen dy't meidocht is hobbywinkel DeVo. "85 jier Sneekweek is al in hiel lange perioade en nei de coronatiid moatte je dat fansels fiere", seit meiwurkster Wiepkje Visser.

2e baan

Der ferskine dit jier sa'n 600 sylboaten ferdield oer tritich klassen oan de start. Nij dit jier is de '2e baan', flakby it Paviljoen. Fan tiisdei oant en mei tongersdei binne dêr wedstriden foar ûnder oaren dielnimmers mei in ferstanlik beheining. Ek de wynsurfers, dy't nei tritich jier werom binne op it evenemint, komme dêr yn aksje.
De Snitswike lûkt alle jierren sa'n 200.000 besikers. It sylevenemint duorret fan 5 oant en mei 11 augustus.